en dêr marsjearje ik hinne
meindert bylsma
elikser, 2016

En dêr marsjearje ik hinne is in novelle út 2016 fan Meindert Bylsma. Yn dit boek sjocht de auteur werom op syn reis nei folwoeksenens. Dat docht er oan ’e hân fan foto’s, bygelyks fan in broer fan syn heit, dy’t by de kavalery siet. Meindert Bylsma fernuveret him oer it kontrast tusken de militêr dy’t omke Auke wie en de man dy’t er koe as omke: ien dy’t net folle sei en ûnopfallend syn gong gie. Dêrútwei sjocht de skriuwer werom op syn eigen tsjinsttiid, nei hoe’t er sels wie en foarme waard troch dy perioade yn syn bestean. Tema’s as gesach en it (ûntbrekken fan) respekt dêrfoar komme oan ’e oarder as er yngiet op de posysje dy’t syn heit op dit punt ynnaam. Ek de oarloch spilet in grutte rol yn dizze novelle, alles yn it kader fan de ûntwikkeling dy’t Bylsma trochmakke, de reis fan ‘lyts mantsje’ nei de ‘keardel dy’t er wurden is.

Oaren oer dizze titel
Jelma Knol, Ensafh 03-04-2017