tsien fan hylkje
hylkje goïnga
afûk, 2016

Tsien fan Hylkje is in troch Douwe Kootstra gearstalde ferhalebondel met tsien ferhalen fan de yn 2001 ferstoarne skriuwster Hylkje Goïnga, dy’t benammen bekend wurden is troch har koarte ferhalen. Tusken 1971 en 1993 publisearre se seis bondels. In grut part fan de ferhalen skreau se foar it moanneblêd De Strikel en De Leeuwarder Courant. Blêden as Opzij en Margriet namen ek wurk fan har op.

Kwa opset en styl waard Hylkje Goïnga wolris fergelike mei de Ingelske skriuwer Roald Dahl. Krekt as Dahl seach se mei gefoel foar humor en in skerp each foar detail kâns om it ûnwierskynlike as deagewoan foar te stellen. De lêzer wurdt yn har ferhalen dan ek geregeld op ’e ferkearde foet set omdat de ferhalen oan de ein faak in ûnferwachte en bytiden ek absurde draai meitsje.

Oaren oer dizze titel
Doeke Sijens, LC 25-11-2016
Sietse de Vries, fraachpetear mei Douwe Koostra, LC 06-01-2017