De achttjin
Aggie van der meer
Afûk, 2016

Yn De Achttjin wurdt it libben beskreaun fan de Joad Ferenc Hacha dat yn 1925 begûn yn Dresden, Dútslan. Sintraal yn it boek stiet de situaasje yn Tsjecho-Slovakije nei de selsferbaarning fan Jan Palach. Dy kaam ta syn died neidat Moskou yn augustus 1968 mei geweld in ein makke hie oan de saneamde ‘Praachske Maitiid’. Ferenc Hacha is op dat stuit lid fan it Politburo, dat achttjin leden telt. Ut dy posysje wei sjocht er werom nei syn betiizjend ferline en foarút nei in lang ûnwisse takomst.
Stadichoan slagge it Hacha yn de neioarlochske jierren om himsels te befrijen út syn betizing en isolemint. Nei de dea fan Stalin keas er foar it kommunisme en klom er yn ’e oanrin nei de Praachske Maitiid sels op ta lid fan it Politburo. De teloarstelling oer it ûntbrekken fan it oarspronklike kommunistysk ideaal spilet pas echt op as De Achttjin de neitins oan Jan Palach fertocht meitsje moatte om foar te kommen dat er in heldestatus krijt. De rol dy’t Hacha spilet by de rjochtsaak dy’t de famylje fan Jan Palach oanspant tsjin de steat bepaalt it fierdere ferrin fan it ferhaal. Sintraal dêryn stiet de iensume striid fan Ferenc Hacha tsjin de oaren yn it politburo en de kommunistyske partij. It is de striid om it behâld fan syn eigenwearde.

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, fraachpetear mei auteur, LC 15-40-2016
Frans Bauke van der Meer, taspraak presintaasje 16-04-2016
Abe de Vries en Aggie van der Meer, taspraken persintaasje Fers2
Abe de Vries, toespraak presentatie (vertaling)
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Doeke Sijens, LC 03-06-2016
Gerbrich van der Meer, fraachpetear mei auteur, FD 30-07-2016
Meindert Reitsma, FD 30-07-2016
Brosjuere 10 books from Friesland
Marcel Plaatsman, Ensafh jg 8 2016 nr 6, s. 55-59