Bêste jonge
Geart tigchelaar
Afûk, 2016

Bêste jonge draait om de relaasje tusken Tine en Jarich, in spantsje mei in kreas hûs, in baan en fierder alles yn streken. Mar benammen Jarich, dosint oan in lânbouskoalle, fljocht it gauris oan, om’t er it útstippele paadsje dat er alle dagen wer ôflizze moat sêd is. Op in dei betinkt er dat er in sinneblomkwekerij opsette wol. Yn it twadde part fan it boek wurdt dúdlik dat it mei syn grutte plannen neat wurden is. Jarich blykt mear in dreamer, ien mei in filosofyske ynslach te wêzen, in man dy’t de frijheid siket sûnder dy werklik te finen.


Oaren oer dizze titel
Doeke Sijens, LC 13-05-2013