neiskrift
Marga Claus en aggie van der meer
tresoar, 2016


Skriuwsters Marga Claus en Aggie van der Meer ferlearen beide yn de maitiid fan 2011 har partner. Se makken de ôfspraak om fan juny 2011 ôf in jier lang mei elkoar te briefkjen en elkoar te fertellen wat har dwaande hâlde. Sa ûntstie in rige lytse ego-dokuminten fan twa froulju as in foarm fan ‘literêre rouferwurking’. It weromtinken oan de ferstoarne leafsten Hans en Herman, de emoasjes, de aktiviteiten deromhinne, dat alles foarmet de reade trie fan it boek. Mar ek oare wederwaardichheden en observaasjes komme op it aljemint, it kontakt mei oaren, de tún, de polityk, boeken dy’t se lêze en fansels de eigen skriuwerij: ‘Ik realisearje my foar de safolste kear dat ik fan skriuwen gelokkich wurd’. De lêzer krijt ek in ynkykje yn it ûntstean fan Marga Claus har roman Kompleten en de bondel mei twa novellen In moaie dei yn de hjerst / Wa rêdt Cesilia Tan fan Aggie van der Meer en har dichtbondel De sneinen.
Neiskrift waard presintearre op 9 septimber 2016 op it Frysk Boekefeest as Kadoboek by de promoasje-aksje ‘Swalk Frysk op toernee’.


Oaren oer dizze titel
Henk van der Veer, Dagboek 4 sept 2016
Sietse de Vries, fraachpetear mei de auteurs, LC 09-09-2016
Doeke Sijens, LC 09-09-2016
Sietse de Vries, ferslach Boekefeest, LC 10-09-2016
Jaap Krol, ferslach Boekefeest, FD 12-09-2016
Jaap Krol, FD 15-09-2016