in aap klimt út 'e beam
Koos Tiemersma
Friese pers boekerij, 2017

  • liene by Tresoar   [**link]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek   [**link]


Bobo is ûntsnapt út Happy Zoo. Op in dei sjocht er út syn beam wei hoe’t in steltsje de klean útdocht foar in frijpartij en om te swimmen yn de boskfiver. Hy klimt nei ûnderen, pakt in broek en in jaske en makket dat er fuortkomt. Fleurich stapt er troch de bosk, op wei nei de minskewrâld. De earste dy’t er tsjinkomt is Norbert Schnabel, in ôfkeurde learaar dy’t syn frustraasjes alle dagen útlibbet op syn hûn Spûky. Fia Schnabel bedarret Bobo yn de polityk. Binnen de koartste kearen hellet er mei syn healwiis praat de foarpagina’s en skopt er it ta listlûker.

In aap klimt út ’e beam
is in mei faasje en humor skreaune satire op it hâlden en dragen fan minsken yn it algemien en de politike waan fan de dei yn it bysûnder.

Dit boek ferskynde yn 2010 earst yn it Nederlânsk ûnder de titel Hoe blond je aap. Yn 2014 brocht Tiemersma de Fryske ferzje út as e-book yn eigen behear, ûnder syn skriuwersnamme Froon Akker. No’t mei de ferkiezing fan Trump en de groei fan it populisme de realiteit de fiksje fan Hoe blond je aap yn liket te heljen, hat Tiemersma de tekst nochris trochwest en oanpast. De Friese Pers Boekerij jout tagelyk mei de Fryske ferzje ek de Nederlânske út, no ûnder de titel Een aap klimt uit de boom.     


Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite juny 2014
Meindert Reitsma op Ensafh 16-12-2014
Gert Jan de Vries, op de Moanne 22-09-2015
Doeke Sijens, LC 31-03-2017 [** link folget]
Jaap Krol, FD 11-03-2017