Fryske literatuer – lêzingesearje

Kom yn ‘e kunde mei de Fryske literatuer op in leechdrompelige wize. Dbieb en Tresoar ha de lapen gearsmiten om yn ‘e mande lêzings oer literêre ûnderwerpen te jaan yn novimber fan 2018. Untdek werom as Fryske skriuwsters minder faak yn ‘e prizen falle, wat de rol en it belang is fan fisuele poëzy en watst dwaan kinst om Fryske literatuer oantreklik te presintearjen by learlingen fan it fuortset ûnderwiis. De trije lêzings wurde yn ’t Frysk jûn. Tanksij stipe fan in Nederlânsktalige Powerpointpresintaasje binne de lêzings ek goed nei te kommen foar tahearders dy’t it Frysk minder goed behearskje.

Lêzing oer Joost Halbertsma
Snein 14 oktober de middeis om 14.00 is der in lêzing yn Tresoar oer Joost Halbertsma mei meiwurking fan Alpita de Jong, Jelle Krol en Eddy van der Noord

Skimersône en loftkastielen
Yn dialooch mei Escher

Foar it 25-­jierrich jubileum fan ‘Grafiek­platform VOG' wurkje Fryske dichters gear mei keunstners.
De dichters Pieteke de Boer, Janna van der Meer, Lida Dijkstra, Henk Nijp, Beart Oosterhaven, Marije Roorda, Remco Kuiper en Paul van Dijk ha gedichten makke en dêr ha grafyske keunstners in totaalbyld fan makke.

Op tiisdei 15 maaie wurdt de nijste skiednis fan de Fryske literatuer presintearre: Salang’t de beam bloeit. De skiednis is skreaun foar elkenien dy’t mear witte wol oer de Fryske literatuer, foar learlingen en studinten mei ynteresse yn Fryske taal en literatuer en foar besikers fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 (LF2018). It boek ferskynt dan ek yn it Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk. Joke Corporaal hat it boek skreaun.

Kursus Libbensferhaal skriuwen – Marga Claus
It is in moaie en sinfolle bezichheid om yn in lytse groep minsken dwaande te wêzen mei it eigen libbensferhaal. Mei bepaalde oefeningen aktivearje wy oantinkens út de jonge jierren. It blykt dat skriuwe yn in groep in soad opsmyt. De kursisten bringe elkoar op ideeën, en sadwaande slagget it hieltyd better om hichte- of djiptepunten út it ferline op papier te krijen.  Dat is moai foar it neigeslacht, mar seker ek foar de haadpersoan fan it ferhaal. De skriuwsels liede wer ta weardefolle petearen.