Skimersône en loftkastielen
Yn dialooch mei Escher

Foar it 25-­jierrich jubileum fan ‘Grafiek­platform VOG' wurkje Fryske dichters gear mei keunstners.
De dichters Pieteke de Boer, Janna van der Meer, Lida Dijkstra, Henk Nijp, Beart Oosterhaven, Marije Roorda, Remco Kuiper en Paul van Dijk ha gedichten makke en dêr ha grafyske keunstners in totaalbyld fan makke.

 

De keunstners binne Agnes van Genderen, Aldrik Salverda, Cecile Bank, Cees Smit, Hilda Boer, Jan van Dijk, Lies Verdenius en Mirka Farabegoli. Fan dizze printen ferskynt in box mei acht printen, dy’t ek los te keap binne.
By it jubileum is in tentoanstelling te besjen fan wol 150 keunstwurken makke troch 65 VOG-leden en twa gast-eksposanten: Wim Jonkman en Mirka Farabegoli.

Tresoar wurket dêrby gear mei Grafiekplatform VOG en sy ha Drukkerij KNUST út Nijmegen en it Grafisch Atelier Fryslân útnûge. By de útstalling binne demonstraasjes fan Risoprint-printsjen yn gearwurking mei Drukkerij KNUST en dielnimmers fertelle oer harren wurk.

By de feestlike iepening op freed 14 septimber (16.00 oere) lêze Fryske dichters de gedichten fan de printen foar en fersoarget Bert Looper, direkteur fan Tresoar, in masterclass ‘Moderne kunst en Friese dichters’.

Grafykplatfoarm VOG is in lanlike feriening fan grafyske keunstners, grafykwurkplakken, musea, galeryen, en samlers. De feriening is in platfoarm, moetingspunt en briedplak dêr’t ideeën en nije inisjativen foar hjoeddeiske grafyske keunst ûntstean.
Under de namme VOG (Vereniging voor Originele Grafiek) is it platfoarm al sûnt 1993 bekend. Fan 2011 ôf wurdt de namme Grafiekplatform VOG brûkt.

Wat: útstalling
Wêr: Zaailand-galerie (earste etaazje winkel-sintrum Het Zaailand, Ljouwert)
Wannear: 14 oant en mei  30 septimber, tiisdeis oant en mei sneins fan 12.00-17.00 oere