Lêzing oer Joost Halbertsma
Snein 14 oktober de middeis om 14.00 is der in lêzing yn Tresoar oer Joost Halbertsma mei meiwurking fan Alpita de Jong, Jelle Krol en Eddy van der Noord


Alpita de Jong skreau de earste biografy oer Joost Halbertsma. Hy wie in alsidich man. In tinker, skriuwer en samler. Wat syn skriuwen sa nijsgjirrich makket, ‘is dat dy fia him in blik gund wurdt op de njoggentjinde iuw.’ De Jong tinkt dêrom dat har boek net allinne nijsgjirrich is foar de Halbertsma-fans, mar foar elkenien dy’t yn skiednis ynteressearre is. ‘Ik haw der bewust gjin akademyske eksersysje fan makke. It is sa tagonklik mooglik skreaun, mei in pear noaten.’ Tresoarmeiwurker Jelle Krol sil Alpita ynterviewe oer de biografy. Der is in boekeferkeap troch de útjouwer Eddy van der Noord. De lêzing wurdt yn it Nederlânsk jûn.