Op freed 21 april is yn Tresoar de Fryske presintaasje fan it samle wurk fan Tsjêbbe Hettinga.
It programma begjint om 16.30 en is frij tagonklik.

Piter en Wypkje Hettinga, bern fan de yn 2013 ferstoarne dichter, sille it earste eksimplaar oanbiede oan Henk Deinum, goede freon fan Hettinga en syn selskip op in grut tal bûtenlânske reizen. Yn it programma binne fierder bydragen fan de dichters Elske Kampen, Albertina Soepboer en Eppie Dam, fan Hjir-redaksjegenoat Piter Boersma, fan Ernst Bruinsma, haadredakteur fan De Moanne en fan Teake Oppewal, ien fan de gearstallers fan it boek. De muzikale bydrage wurdt fersoarge troch Basile Lukadi.
Presintaasje: Geart de Vries, allyksa ien fan de gearstallers.

It programma duorret likernôch in oere. Nei ôfrin boekeferkeap en gearsit mei hapke en slokje.
Tresoar organisearret de presintaasje yn gearwurking mei de literêre tydskriften Ensafh en De Moanne en mei útjouwerij De Bezige Bij.

By de foto hjirboppe: Optreden fan Tsjêbbe Hettinga yn de Prinsetún by it Frysk Festival fan 2008. Hy droech by it lemieren fan de dei foar 'De leginde fan it ljocht', in gedicht dat (ûnder in oare titel) ek opnommen is yn de sammelbondel. LC 25-08-2008.

It boek

het vaderpaard it faderpaard tsjebbe hettinga 2017 500x303

De sammelbondel Het vaderpaard / It faderpaard is neamd nei ien fan Hettinga syn bekendste fersen. It boek beslacht in dichterlik oeuvre fan 44 jier. Hettinga syn nijste, achtste dichtbondel is der ek yn opnommen, De ring fan Gyges. De tekst dêrfan stie klear op syn kompjûter. Nei 1993 hat dichter Benno Barnard yn oparbeidzjen mei Hettinga de helte fan syn dichtwurk oerset. Dat wie al publisearre yn in oantal bondels. Barnard wie ree om ek it oare wurk oer te setten, no mei help fan Tsead Bruinja en Teake Oppewal. Dy leveren rûge oersettingen mei útlis derby en Barnard boude dy mar har yn ’e mande om ta Nederlânske poëzij. It boek ferskynt 20 april by útjouwerij De Bezige Bij en kostet € 49,99 (hurd kaft).

Audio en website tsjebbehettinga.frl

It faderpaard Het vaderpaard Alle gedichten audio 2017 cd omslach 300x300

Tsjêbbe Hettinga wie ferneamd om syn wize fan foardragen. Al syn foardrachten komme op 20 april beskikber fia de webside luisterrijk.nl, dêr’t de mp3-lûdsbestannen te keap binne. It komplete audiowurk beslacht fjouwer mp3-cd’s fan elk sawat in oere. De cd’s binne apart te krijen foar € 8, mar der is ek ien sammel-cd mei alles derop foar € 19.
Tagelyk mei de bondel giet de website tsjebbehettinga.frl online.

Tongersdei 20 april: Presintaasje yn Amsterdam

De boekpresintaasje yn Amsterdam is op tongersdei 20 april op 17.00 oere yn Spui25. De tagong is frij.
Bydragen fan oersetter Benno Barnard, Kees ’t Hart, Nynke Laverman en Sytze Pruiksma, Abdelkader Benali, Annemieke Gerrist en Frank Keizer.
Presentaasje: Tsead Bruinja (mei-oersetter en -gearstaller).

Yn it koart

Wat: boekepresintaasje
Wêr: Tresoar, Ljouwert
Wannear: freed 21 april, ynrin 16.00, programma 16.30-17.30,
nei ôfrin slokje, hapke en boekeferkeap.
Elk is wolkom. Graach oanmelde op email This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it. of
telefoannûmer 058 – 789 0 740 (Petra Bierma) of 058 – 789 0 792 (Marja de Graaf).


[pleatst 20.03.2017]

Bewaren

Bewaren