It wrede paradys. It ferfolch
Hylke speerstra
bornmeer, 2010

Krekt foar de iuwwiksel, 1999. It wrede paradys wie skreaun, it fleach yn trije talen en 25 printingen de wrâld oer, der waard heech fan opjûn. Geert Mak skreau: ‘Je mond valt open, pagina na pagina. Wat een moed en wanhoop! Wat een levens!’

It wie in jiermannich letter, en wat die bliken? Guon libbensferhalen hiene in hiel aparte draai nommen. Alde ferhalen wiene noch lang net ôf. En de nije wiene noch net op! Sa’n nij ferhaal is dat fan widner Klaas van der Veen fan de Harkema, dy’t mei syn tsien opgroeiende bern nei it woeste Kanada fan ein jierren fjirtich reizget. Wat in libben! Op de prêry fan Saskatchewan fynt Speerstra dan 99 jier âlde frijer fan de fermoarde Ynskje Speerstra fan Sibrandabuorren. Oer tragyk en âlde leafde sprutsen ... En wêr bedarre de jiske fan Wiebe Boersma op wei fan Melbourne nei syn heitelân? Sa ûntteare har yn It wrede paradys – It ferfolch mear âlde mystearjes. Mei 34 tajeften, in hânfol nije libbensskiednissen, 32 fotosiden mei bylden fan de fertellers, en lêsbere skôgingen fan prof. Henry Baron, prof. Douwe Draaisma en dr. Jan Dirk Wassenaar.

Yn 2013 ferskynde in fan dit boek in werprinting