krús fan de hollanner
ate grypstra
afûk, 2012

Krús fan de Hollanner is in histoaryske jeugdroman oer it libben fan Grutte Pier, optekene út de mûle fan syn omkesizzer Wijerd Jelckama. Wy komme te witten hoe’t in boer út Kimswert him ta in baas legeroanfierder en floatfâld ûntwikkele. Hy waard de Skrik fan de Sudersee, de Stjoerman fan de Dea en it Krús fan de Hollanner. Hy waard nimmen minder as Grutte Pier.

It Ljouwerter gamebedriuw Triangle Studios wurke al langer oan in game oer Grutte Pier en betocht dat dêr ek in boek by moast. Se benaderen útjouwerij Afûk dy’t de opdracht trochspile nei skriuwer Ate Grypstra. Hy skreau it boek yn betreklik koarte tiid.

Oaren oer dizze titel
Maria del Grosso, LC 15-02-2013
Geart Tigchelaar, Ensafh. 08-07-2013