op klompen troch de dessa
hylke speerstra
bornmeer, 2014

Op klompen troch de dessa jout it ferhaal fan achttjin Friezen dy’t yn de jierren 1945-1949 meifochten yn de oarloch – dy’t gjin oarloch hjitte mocht mar ‘polisjonele aksjes’ neamd waard – tsjin de opstannelingen yn Yndië dy’t har lân ûnôfhinklik ha woene. Net earder waarden har ferhalen op dizze wize ferteld. Dit boek fan Hylke Speerstra slút naadleas oan op It wrede paradys. Beide boeken geane oer de generaasje dy’t yn de jierren koart nei 1945 jongfolwoeksen wie en dêr’t in protte fan fuort woene, of fuort moasten. Yn totaal diene sa’n 100.000 Nederlanners mei yn de oarloch yn Yndië, earst as frijwilliger, mar letter, en folle mear, as tsjinstplichtich soldaat.

By de presintaasje fan it boek op It Herrenfean sei Douwe Draaisma dat it net de fraach is wêrom’t al dy manlju dy’t yn Yndië west ha salang swijd ha oer wat se meimakke ha: dat docht elk minske mei pynlike oantinkens. De fraach is, wêrom’t se no dochs noch har ferhaal fertelle wolle. Yn Draaisma syn optyk is dat it reminsinsje-effekt: it fersynsel dat fan alle libbensyndrukken dy út de leefjierren 15-25 it sterkst yn ús fêstlein binne en dat dy by minsken op har âlde dei slim te ûnderdrukken binne. Sa kiest ien der dan úteinliks foar om syn oantinkes dochs mei oaren te dielen. Speerstra is dêrby de man dy’t de fertroudheid wit te skeppen om de ferhalen komme te litten, seker no’t er net folle jonger mear is as dyselden dy’t er ynterviewd hat.

Fraachpetear mei de auteur

Petra Possel, NPO1 Kunststof 31-07-2015

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, fraachpetear mei auteur, LC 24-10-2014
Boekpresintaasje, LC 31-10-2014
Rynk Bosma, fraachpetear mei auteur, De Feanster 12-11-2014
Twadde printing, Heerenveense Courant 26-11-2014
Geart Tigchelaar, Ensafh. 18-04-2015
Kester Freriks, NRC 13-03-2015
Agnes Cremers, Van Gisteren 16-06-2015
Gerben de Vries, De Moanne 25-08-2015
Henry Baron, World Literature Today, sept-okt 2015