de lêste floed
durk van der ploeg
het nieuwe kanaal, 2016

De lêste floed spilet yn 1969. Yn dat jier wurdt de Lauwerssee ôfsletten fan it Waad. Yn dit boek wurde de gefolgen sketst foar it húshâlden fan Tsjerk Vogel, dy't yn dy omkriten al jierren buorket en ploeteret mei it winnen fan lân. It is de bedoeling dat Tunnes, de âldste soan, de buorkerij oernimt. Omdat de seeynham ôfsletten driget te wurden en dêrmei it oanwinnen fan lân net mear mooglik is, sjocht dy dat net sitten. Tunnes kriget spul mei syn heit, en giet mei de Willem Barendsz nei de Súdlike IIssee foar de walfiskfangst. Dêr ferdwynt er op mysterieuze wize fan it skip. Arjen, de jongste soan rint, foar syn stúdzje, staazje by it projekt fan de ôfsluting fan de Lauwerssee, wat by syn heit fansels net goed falt. As heit âlder wurdt en help nedich hat, wurdt er in wike as wat troch de jongste soan fersoarge. Arjen docht dat mei leafde, mar tagelyk spilet syn ûnbegryp oer wat der earder barde ek wer op. De lêste floed is in ferhaal oer persoanlike drama's, tsjin de eftergrûn fan ûnfersetlikens en in net oan te ûntkommen generaasjekonflikt.

Oaren oer dizze titel
Ernst Bruinsma, Op en út 26-11-2016
Sietse de Vries, LC 16-12-2016 (fraachpetear)
John Coenders, NDC 08-02-2017
John Coender, NDC 08-02-2017
Henry Baron,  World Literature Today 05-2017