Reade snie en swarte hagelstiennen
Josse de haan
Elikser, 2016

Reade snie en swarte hagelstiennen is in novelle fan hûndertfyftich siden. Yn in monolooch dy’t santjin dagen beslacht (elke dei in haadstik) skôget haadpersoan Atty wannear’t se âlder wurden is har libben en dan benammen de manlju dy’t dêryn in rol spilen. Omdat har ûnderfiningen mei manlju net oerholden, omskriuwt se dy konsekwint as ‘reptilen’. Yn dizze ‘alternative boerestedsroman’, sa’t de skriuwer it boek beneamt, fertelt se oer har libben en hoe’t se besocht de libbens fan de manlju dêryn te ûnderminen. Se wol har oantinkens oan de drege jierren dy’t achter har lizze fêstlizze foardat se deagiet, benammen foar har bern: ferhalen oer de fernederingen dy’t se ûndergie, de hypokrisy en úteinlik de wraak dy’t se naam.'Dit ferhaal is benammen in ferhaal foar famkes en froulju. Dy wurde it measte en it maklikste knoeid. Ik wit it út ûnderfining. Lear se my kennen, de reptilen dy't myn libben bepaald hawwe.' (s. 15).

Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen op Friese literatuursite okt 2016
Doeke Sijens LC 14-10-2016