Wurk
elske schotanus
afûk, 2017

Wurk is de tredde roman fan Elske Schotanus.

Haadpersoan Jasper kriget te hearren dat kollega Jakob it kontakt mei in wichtige klant fan him oernimme sil. Dy drûge meidieling set Jasper derta oan it wurk te litten foar wat it is. In soad kâns op oar wurk is der net, hy rint tsjin 'e sechstich. Uteinlik beslút er om net nei hûs te gean. Al omswalkjend set er syn bestean op 'e kop en freget er him ôf hoe't it kin dat er yn stee fan keunstner in saaklik tinkende kantoarman wurden is. Sa bedarret er yn museum Belvédère, wêrmei't syn libben op in nij spoar útkomt: dat fan de keunst. As in ynfloedrike galeryhâlder him ûntdekt en syn wurk begjint te ferkeapjen, liket it mei Jasper de goede kant op te gean. Dat is in fersin, de fertsjinsten falle ôf: ek de keunstwrâld blykt net allinnich fan idealen oaninoar te hingjen. Tagelyk komt syn relaasje ûnder druk te stean en stiet Jasper syn bestean fannijs op losse skroeven.

Oaren oer dit boek
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite 2018
Sietse de Vries, LC 09-02-2018 (fraachpetear n.o.f. Wurk)
Doeke Sijens, LC 16-03-2018
Jaap Krol, FD 31-03-2018