Een slagje hier en daar
ulke brolsma  
bornmeer, 2006

Ien fan de dielnimmers oan de Tsiendeiske Fjildtocht (1831) tsjin de Belgen wie Hessel Brolsma út Stiens. Troch brieven hold er syn âlden op de hichte fan syn aventoeren yn België en Brabân. In lytse 175 jier letter reizget syn betoerpakesizzer Ulke Brolsma him achternei en docht dêr yn dit boek ferslach fan. Oan de hân fan de brieven fan syn foarfaar skilderet er in libben byld fan dy histoaryske fjildtocht en it soldatelibben yn dy tiid.

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, LC 10-11-2006