De lapkepoep
henk de haan
friese pers boekerij, 2006

De jonge lapkepoep Adam Feldmann wol dúdlikheid oer de dea fan syn heit, dy't jierren lyn yn in wyk yn 'e Knipe ferdronken is. Wie it in ûngefal of moard? Al suteljendewei yn de súdeasthoeke fan Fryslân komt er genôch minsken tsjin dy't him mear fertelle kinne. Mar guon hawwe ek redenen om har stil te hâlden. Underwilens slagget Adam deryn om mei syn hannel in bestean op te bouwen. Hy begjint in winkeltsje oan de Lindegracht op It Hearrenfean en der komt lang om let ek wat romantyk yn syn libben. Mar mei al dat lok wol duorje?

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 13-10-2006
Yvonne Dijkstra, FD 13-01-2007