Elja
josse de haan
venusboek, 2006

Filmmakker El siket foar syn nije film in haadrolspylster. Op in nacht moetet er Elja. Se is aktrise en tophoer tagelyk. De filmmakker falt dalik foar har. Se treffe elkoar alle freedtejûnen yn in bekend restaurant, en beprate hoe't se de film meitsje sille. Elja skriuwt har filmmakker nei alle moetings in brief mei ideeën, fertelt oer har wurk en beskriuwt sênes dy't yn de film kinne. Tusken de moetings, de brieven fan Elja en de kommintaren fan El binne bewurke fragmintsjes opnommen fan foaral Frânske skriuwers. Mei spegelingen en ûneinige perspektiven rint de roman oer yn de film. Op de lêste side ferskynt in ferrassing.

Oeren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 22-12-2006
Wieke de Haan op ensafh
Elske Schotanus, de Moanne nr. 4 2007 s. 44-45 en op eigen website
Yvonne Dijkstra, FD 22-09-2007
Jelle van der Meulen op syn Friese Literatuursite