De leafdes fan Janne
riek landman
friese pers boekerij, 2006

Janne wennet yn de provotiid yn Amsterdam yn in kommune. It binne de jierren fan de frije leafde en de protestdemonstraasjes. Mar as ûnderwizeres en toanielminske fielt se har dochs better thús yn Fryslân, dêr’t se mei Arjen trout. As dat houlik op ’e non rint, is der wer romte foar nije relaasjes.
Yn it tredde en lêste diel fan de ‘Jentsje-trilogy’ wurde Janne, har dochters en leafdes op ’e foet folge. Janne liket foar de leafde skepen te wêzen. Mar se komt ta it ynsjoch dat al dy wikseljende relaasjes yn wêzen feroarsake wurde troch ien dramatysk barren út har ferline.
De leafdes fan Janne is it tredde diel fan in trilogy oer trije generaasjes froulju. It earste diel is De tiid fan Jentsje (2004) en it tredde diel: (2006).

Oaren oer dizze titel
Abe de Vries, LC 21-07-2006
Henry Baron, World Literatur Today, May-June 2007. The Free Library