De oerpolder
hylke speerstra
bornmeer, 2006

Dit boek jout it libbensferhaal fan in plattelânsmienskip dy't striidt tsjin de eleminten en it lot. It is ek de syktocht nei leafde en gelok en it besykjen om fan ûnlân fruchtbere grûn te meitsjen. Guon minsken rêde it op en guon fersûpe deryn.
Skriuwer Hylke Speerstra socht om sa’n ferlerne mienskip en fûn dy yn it Heidenskip fan de njoggentjinde ieu. Fan 2002 ôf hie er (fraach)petearen mei mear as twahûndert (âld-)Heidenskipsters en oare belutsenen út de omlizzende doarpen en fiere omkriten. Hy djippe fergetten oantekeningen op, lies âlde deiboeken en notysjes, sneupte yn argiven fan ynstânsjes en famyljes, knope raffelige einen oan elkoar en folle de feiten oan mei fiksje. Fan it boek ferskynde in Hollânske oersetting.

Oaren oer dizze titel
Fraachpetear fan Sietse de Vries mei de auteur, LC 02-06-2006
Abe de Vries, LC 16-06-2006 
Yvonne Dijkstra, FD 05-08-2006
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite
Henry Baron, World Literature Today, Jan-Feb. 2007, The Free Library