Gysbert Japiks Trilogy
piter terpstra
frysk en frij, 2003

Yn de Gysbert Japiks Trilogy binne trije earder ferskynde romans fan Piter Terpstra byinoar brocht, te witten: Mjitter fan ús jierren (1989), Bewarje myn namme (1993) en De dei is ferrûn (1972). Yn alle trije dielen wurdt in tiidrek fan it libben fan de 17de ieuske Fryske dichter Gysbert Japiks beskreaun. Piter Terpstra skreau it lêste diel, De dei is ferrûn, it earst. Dat giet oer de lêste moannen fan it libben fan Gysbert. Dêr soe it ynearsten by bliuwe, mar de skriuwer wie geandewei sa ûnder de yndruk fan de dichter rekke dat sa'n fyftjin jier letter noch twa histoaryske romans fan syn hân oer Gysbert ferskynden. Yn 2003, mei de betinking fan it 400ste bertejier fan Gysbert Japiks, kamen de trije dielen yn ien bân út. Om't de romans folslein op harsels stiene, hawwe Baukje Westra en Goasse Brouwer op fersyk fan de auteur de oarspronklike teksten oanpast om se op elkoar oanslute te litten.

Mjitter fan ús jierren (1989)
Freonskip, leafde, poëzij, muzyk, de romme fjilden, it folk mei syn freugden en lêsten komme op Gysbert Japiks ta as er, 22 jier âld, skoalmaster yn Wytmarsum wurdt. Dêr ûntjout de jonge dichter him, wrakseljend mei it Frysk, de folkstaal, dy't er as earste as keunsttaal brûkt. Letter sil fan him sein wurde, dat er de grutste Nederlânske taalbouwer út de 17de ieu is.
Dizze roman beslacht de perioade fan 1620 oant 1636. Gysbert moetet dan in ferskaat oan minsken, dy't syn bestean en ek syn ûntjouwing ta dichter beynfloedzje. Dat binne ûnder oaren de gefoelige mar twifeljende Fardou, de waarmbloedige Wobbelke, de grytman Tjaard van Aylva, de artistike printer Claude Fonteyne, syn aventoerlike broer Willem en syn frou, de Ljouwerter notarisdochter Sijke Salves.

Bewarje myn namme (1993)
Dizze roman beskriuwt de perioade fan 1640 oant 1655, as de dichter Gysbert Japiks op it hichtepunt fan syn libben is. Dochs ferfalt hy hyltiten wer yn ûnwissens oer syn talinten. Benammen as er yn de kunde komt mei de krityske skriuwer en histoarikus Simon Abbes Gabbema.
In bysûnder barren in syn libben is de komst fan de taalgelearde Franciscus Junius, dy't in stúdzje fan it Frysk makket en witte wol hoe't dy taal noch yn Molkwar útsprutsen wurdt. Tegearre reizgje se nei dat wûnderlike, hast duvelske seefardersplak, dêr't de huzen dwers trochelkoar hinne boud binne op sân pôlen en dêr't de befolking fijannich foar frjemdfolk oer stiet.
Blidens, teloarstelling en grut fertriet, ûnder oare oer it ferlies fan bern, wikselje inoar ôf yn it libben fan de dichter. Oan 'e ein fan it boek is hy noch allinne mei syn frou Sijke. Dan komt in nije grutte driging op harren ta: de pest.

De dei is ferrûn (1972, 1976, 1997)
It lêste diel fan de trilogy beskriuwt in part fan it lêste libbensjier fan Gysbert Japiks, de simmer fan 1666. De haadpersoanen binne de dichter, earber boarger fan Boalsert en syn soan Salves, de rûge, oan drank ferslave dokter fan It Amelân. De pest waret yn Boalsert om. Ek Gysbert en syn frou wurde besmet. Salves komt werom nei Boalsert om syn heit-en-dy te fersoargjen. In heit en in soan, dy't sa ferskillend libben, moetsje inoar noch ienris op in dramatysk momint.

Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 06-06-2003