It wrede paradys
hylke speerstra
friese pers boekerij, 1999

It wrede paradys is in rige fan 35 fertellingen fan Fryske lânferhuzers. Hylke Speerstra reizge der alle emigraasjelannen foar ôf om de ferhalen op te tekenjen foardat se foargoed ferdwine soene.
Sa is der it ferhaal fan de jonge mem dy't har meitroaie liet troch de ûnrêst en langsten fan har man. Tsjin de ferskroeiende ûnwennigens wie mar ien remeedzje: trochsette. Dit boek fertelt oer it famke fan Sibrandahûs dat op sokken yn Amearika oankaam. It jout it libbensferslach fan de feint fan Aldskoat dy't mei syn faam besocht te oerlibjen yn de hel fan Otago. Yn filmyske bylden wurdt de stoarmreis werjûn fan de Toppenhústers dy't harren mei in skipfol hokkelingen op in kôkjende oseaan weagen.
It boek nimt de lêzer mei nei de taastbere ferlittenheid fan Kanada, Noard- en Súd-Amearika, Súd-Afrika, Australië en Nij-Seelân. Mar ek it Fryslân fan de earste helte fan de tweintichste ieu komt ta libben.
It wrede paradys waard ein augustus 1999 yn Frankfurt oanbean oan Fries om utens Wim Duisenberg. It ferskinen fan it boek foarme de oanrin nei de grutte Friezereüny fan Simmer 2000. Mei 25 printingen (de oersetting meirekkene) is it ien fan de bêst ferkochte Fryske boeken ea. De Nederlânske oersetting troch Hylkje Goïnga en de auteur sels ferskynde yn 2000 by útjouwerij Contact. Yn 2010 folge in útwreide twadde edysje.

Oaren oer dizze titel
Presintaasje yn Frankfurt, LC 01-09-1999
Jabik Veenbaas, LC 10-09-1999