Obe Postma gedichtemiddei yn gearwurking mei Tresoar 

Tiid: freed 6 april 2018, 15.00 – 17.00; foarôf: boekpresintaasje trijetalige bondel fan Postma-fersen (útwreide twadde ferzy fan What the poet must know)

Plak: Gysbert Japicxseal, Tresoar

Lânskipspine (?) - In útdaging foar de Fryske dichters. (Wedstriid)

Obe Postma is ien fan de grutste Fryske dichters. Takom jier 2018 is it syn 150ste geboartejier. Takom jier is ek it jier dat Ljouwert de Kulturele Haadstêd wêze mei. Dat der binne twa redenen om yn dat ramt even stil te stean bij Postma.

Postma is wol ‘de dichter fan it Fryske lân’ neamd. Postma, boeresoan dy’t syn hiele fierdere libben yn de stêd trochbrocht hat, hat dat lânskip grif idealiseard. It krige bij him wat fan it tiidloaze, en dat ek foaral fanwege syn oanstriid om yn it hjoed mear te sjen as wat syn each no en hjir seach: bij him wie it hjoed it resultaat fan it ferline, en dy twa wienen ien, want yn it hjoed wie ek it ferline te sjen. Hy seach de werklikheid ‘dûbel’ sa’t ik it neamd haw yn it koartlyn ferskynd boek, mei Tineke Steenmeijer-Wielenga, In libben dat bloeide nei syn aard.

Postma is yn 1963 stoarn en hat sadwaande neat of suver neat meimakke fan de grutte revolúsje yn it buorkjen en dus ek it lânskip, begjinnend mei de ruilferkavelingen fan de lette jierren ’60 en dêrnei de skaalfergrutting en yndustrialisearring fan it buorkjen fan de lêste 30 jier. Postma soe himsels besauwe as er hjoed wekker wurde soe: yn IN NIJE TIID skriuwt er oer Tsjalling fan der Fear en syn broer Piter mei har 1000 kij yn Amerika, op ‘in keale lape grûn’ sûnder ien ‘spruseltsje gers’. En it griisde him oan: ‘It moat in oaren ien wêze as ik, dy’t fan sa’n libben fabryk / sjonge kin.’

Dan jimme: doare jimme it oan en nim ien of mear fan Postma syn gedichten oer it lân as útgongspunt om dêr dan jim eigen dichterlike ferwurking (mei kommintaar) nêst te setten fan hoe’t jimme hjoed-de-dei it Fryske lânskipsjogge? Griist dat jim ek oan, en falt dêr noch oer te sjongen?

Wa’t doart jout him/har op by it Obe Postmaselskip. Der is plak foar maksimaal fiif/seis dichters dy’t elk sa’n kertier tiid krije (wat ôfhinklik fan it tal dielnimmers). Der is in fergoeding, ynklusyf de reiskosten, foar jim optreden. It is in inisjatyf fan it Obe Postmaselsip en Tresoar.

Foar opjefte of foar fierdere fragen:This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.

Geart van der Meer
Groningerstraat 58
9475PC Midlaren 

The Netherlands.