Salang’t de beam bloeit

Op tiisdei 15 maaie wurdt de nijste skiednis fan de Fryske literatuer presintearre: Salang’t de beam bloeit. De skiednis is skreaun foar elkenien dy’t mear witte wol oer de Fryske literatuer, foar learlingen en studinten mei ynteresse yn Fryske taal en literatuer en foar besikers fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 (LF2018). It boek ferskynt dan ek yn it Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk. Joke Corporaal hat it boek skreaun.

Yn Salang’t de beam bloeit behannelet Joke Corporaal yn sân haadstikken de wichtichste ûntjouwingen en skaaimerken fan de Fryske literatuer, fan it earste begjin om 800 hinne oant hjoed. Koarte finsterteksten ljochtsje dy skiednis dêrnei ta mei sprekkende foarbylden oer hichte- en ek djiptepunten.

It boek is mei mooglik makke troch stipe fan Provinsje Fryslân en Stifting FLMD. It projekt is ûnderdiel fan Lân fan taal, fan LF2018.

Mei it boek ferskynt tagelyk de webside http://www.fryskeliteratuerskiednis.frl/ mei materiaal foar it fuortset en heger ûnderwiis oer de Fryske literatuer.

Programma:

18:45                     Ynrin

19:00                     Iepening troch studinten fan fan NHL Stenden Hogeschool

19:15                     De Grutte Fryske literatuerkwis troch Joke Corporaal, elk kin digitaal meidwaan

19:45                     Oanbieding earste eksimplaar

19:50                     Lansearring edukative webside              

20:00                     Ofsluting

20:00-21:00           Hapke en drankje

De presintaasje is yn it gebou ‘Obe’, Heer Ivostraatje 1 (Aldehoustertsjerkhôf), Ljouwert. De boeken binne útjûn troch Utjouwerij Bornmeer en binne op 15 maaie te keap.

Jo wurde fan herte útnûge om by dizze feestlike presintaasje oanwêzich te wêzen.

Wy stelle it op priis om te witten oft jo by de presintaasje oanwêzich binne. Wolle jo jo dêrfoar opjaan fia This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it. of telefoanysk by Tresoar, Petra Bierma 058-7890740 of Marja de Graaf 058-7890792.