ynlieding foar de diskusjemiddei fan It Skriuwersboun op 24 maaije 2018

Yn 2018, wylst de Kulturele haadstêd yn folle gong is, riedt Tresoar him ta op de ynfolling fan it taakfjild ‘literatuerbefoardering’ yn de post-LF18 jierren. Wat is literatuerbefoardering? Wat is der feroare troch LF18? Hoe binne de relaasjes mei oare literêre ynstellings en aktiviteiten? Wat is it ferlet fan de skriuwers? Graach heart Tresoar de miening fan elkenien dy’t oer litertuerbefoardering anno 2019 neitinke wol. Yn dizze koarte notysje jouwe wy oan de meitinkers inkele kaders en tinkrjochtingen. Wês frij om sa kreatyf mooglik ús fan adfys te tsjinjen. Mei jim ynput presintearje wy oan’e ein fan dit jier ús plan foar de ynrjochting fan literatuerbefoadering anno 2019 en fierder.

Reaksjes kinne nei This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.

Om boppesteande fragen goed beantwurdzje te kinnen, is it fan belang om it literêre takenpakket fan Tresoar yn it koart te sketsen yn fjouwer komponinten:

  1. Kennissintrum: argifearjen en dokumintearjen fan de Fryske literatuer en literatuerskiednis (opbou kolleksje, argiven en bibliotheek; depotfunksje literatuer; presintearjen fan kolleksjes fia stúdzjeseal en fia ynternet; bio- en bibliografyske ynformaasje (Sirkwy); stimulearjen fan ûndersyk, publikaasjes, ensfh.
  2. Produksjehûs: Ir ferlienen fan skriuwopdrachten, multimediale projekten, optredens, festivals, ensfh.
  3. Presintaasjepoadium: útstallings, lêzings, publikaasjes, poadium foar aktiviteiten fan tredden, ensfh.
  4. Stipefunksje: edukaasje, (skriuw)kursussen, organisaasje fan priizen (GJ-priis), kontakten mei Letterenfûns, Stichting Lezen, ensfh

De middels fan Tresoar –minsken en jild – wurde ferdield oer dizze taken. Troch in oantal ûntwikkelingen is it fan belang om de ferhâlding tusken dizze taken, de swiertepunten en aksinten op’e nij te besjen. As wy Tresoar in goed en effektyf plak jaan wolle yn de befoardering fan de Fryske literatuer moatte wy rekken hâlde mei dizze faktoaren en trends:

  1. Per 1 jannewaris 2019 is Tresoar de programmeur fan OBE, poadium foar taal en literatuer op it Aldehoustertsjerkhôf. Foar Tresoar moat OBE in wichtich instrumint wurde yn de oantreklike en professionale presintaasje fan Fryske kultuer yn in romme bestjutting. OBE is fan belang foar presintaasje, net allinnich fan Tresoar-aktiviteiten, mar ek as poadium foar oare partijen, festivals, oare ynstellings en minsken mei goede ideeën;
  2. Troch LF18 is meartalige kultuer en literatuer in útgongspunt fan it provinsjale kultuerbelied; literêre ynisjativen wurde folle breder oppakt as ea it gefal wie, ek troch festivals as Explore the North, ensfh. De Fryske literatuer oppenearret him folle mear yn meartalige netwurken as yn in isolearre Fryske omjouwing;
  3. Multimedialiteit spilet in belangrike rol yn de uteringsfoarmen fan kultuer en literatuer; it boek bliuwt wichtich, mar hieltyd mear sille multimediale foarmen en techniken de drager wêze fan literêre uteringen;
  4. Literatuerbefoardering is allinne mar effektyf yn in goede gearwurking fan de ‘stakeholders’: oerheid, Afûk, Tryater, Fryske Akademy, RUG, Omrop Fryslân, festivals, Skriuwersboun, ensfh. Der soe in sterkere mienskiplike strategy en taakferdieling ûntwikkele wurde moatte;
  5. Njonken it Fryske netwurk is it oparbeidzjen mei Nederlânske en ynternasjonale ynstellings fan belang foar literatuerbefoardering (Letterenfonds, Other Words, Literatuurmuseum, ensfh.)