De Fryske skriuwster Baukje Wytsma fan Reduzum hat op tongersdei 29 novimber in keninklike ûnderskieding krige dy’t Kommissaris fan ‘e Kening Arno Brok útrikt hat. Sy krijt har earbetoan fanwege har grutte fertsjinste foar de Fryske taal. Sûnt de sântiger jierren skreau sy dichtbondels, berneboeken, toanielstikken en lieten yn it Frysk. Ek skreau sy foar dei- en moanneblêden. Foar kulturele haadstêd makke sy tegearre mei Romke Toering ‘Heedaar!’, in teaterstik oer keatsen, dat yn july op it Sjûkelân yn Frjentsjer útfierd is. Neffens Brok hat de skriuwster it Frysk tagonkliker makke foar in grutte groep ‘Sûnder har wie it Frysk net wurden wat it Frysk no is.’

Mear oer Baukje Wytsma.