Skriuwers fan Fryske ferhalen of fersen kinne wer gading meitsje nei in Rely Jorritsmapriis. De bêste Fryske bydragen wurde beleanne mei in jildbedrach. In bekroand gedicht of in winnend ferhaal wurdt dit jier honorearre mei in jildbedrach fan 1000 euro.

Dat is gâns mear as de ôfrûne jierren, foaral foar skriuwers fan winnende gedichten is de ferheging in stik bûter yn de brij. In winnend fers wie oant no ta goed foar in jildpriis fan 200 euro. De ynstjoerders fan bekroande ferhalen geane der ek op foarút; de lêste jierren waarden hja beleane mei 800 euro.

De ferheging hat te krijen mei it beslút fan it bestjoer de prizen foar fersen en ferhalen lyk te lûken en mei de geunstige ûntwikkeling fan it Fûns, dêr’t it prizejild út betelle wurdt. Johanneke Liemburg, boargemaster fan Littenseradiel en bestjoerslid fan it Fûns, jout oan dat de opbringsten fan it Fûns oar jier wol wer oars wêze kinne.

Ynstjoere
De ynstjoering foar de Rely Jorritsmapriis 2017 is no wer iepensteld. Yn ’e beneaming komme oarspronklike  gedichten en koarte ferhalen yn it Frysk. De ferhalen meie 2000 oant 5000 wurden telle en kinne ek ornearre wêze foar bern. De bydragen moatte ynstjoerd wêze foar 15 maaie 2017.   Mear ynformaasje oer de Rely Jorritsmapriis (en de Junior Rely, foar bern tusken de 12 en 18 jier) is te finen op de webside fan de gemeente Littenseradiel. Alle eardere priiswinners steane op sirkwy.frl.

[boarne: parseberjocht Gemeente Littenseradiel 09-02-2017]

Ynformaasjeposters fan de organisaasje

Rely Junior 2017 poster 646x909

Rely Jorritsmapriis 2017 poster 646x919