De stifting FLMD sil yn 2017 foar de twadde kear de D.A. Tammingapriis foar Fryske literêre debuten útrikke. Gading kin makke wurde troch dichters, dy’t yn de perioade 1 jannewaris 2012 o/m 1 april 2017 debutearren mei in dichtbondel. Allinnich oarspronklik Frysktalich wurk komt yn de beneaming. De winner krijt in jildbedrach fan € 3000 en in oarkonde.

Gadingmakkers (of har útjouwers) moatte fjouwer eksemplaren fan har bondel op syn lêst op 3 april 2017 besoargje by de skriuwer fan de Stifting FLMD, Pieter de Groot, De Koarte Baan 11, 8731 DK Wommels. De trije sjueryleden Albertina Soepboer, Elske Kampen en Jacobus Q. Smink sille dêrnei oer de bondels te set. De priisútrikking sil yn ’e rin fan juny wêze.

Yn 2012 krige Elske Kampen de Fedde Schurerpriis foar har bondel Fan glês it brekken. Hja wie de lêste winnares, want de Provinsje Fryslân woe debuten net langer honorearje: de Fedde Schurerpriis waard stopsetten. De stifting FLMD fynt it lykwols  tige wichtich dat literêre debuten yn de Fryske taal rom omtinken krije, en stelde de D.A. Tammingapriis yn, neamd nei de skriuwer en taalkundige Douwe Annes Tamminga (1909-2002), waans neilittenskip de stifting FLMD yn behear hat. De priis wurdt om bar jûn foar it bêste proazadebút (in roman of in ferhalebondel) of it bêste poëzijdebút (de bêste gedichtebondel) yn in beskate perioade. De earste D.A. Tammingapriis waard wûn troch Ale S. Van Zandbergen yn 2014 mei syn roman Littenser merke.

Yn prinsipe kin de priis alle jierren útrikt wurde, mar it bestjoer fan de stifting FLMD beslút op basis fan it oantal ferskynde debuten oft der foldwaande oanbod is: der moat al kar-út en kompetysje wêze. Yn 2015 en 2016 waard de priis dêrom net útrikt fanwege it kwantitatyf net-tarikkende oanbod.

Mear ynformaasje is te finen op de reachside www.stiftingflmd.frl


[boarne: parseberjocht Stifting FLMD, ein feb. 2017]