Hjoed binne op de website fan de DBNL (digitale bibliotheek voor de Nederlandse letteren) alle jiergongen fan de literêre tydskriften  De Tsjerne (1946-1968) en Trotwaer (1969-2002) beskikber kommen.

De DBNL is op 1 jannewaris 2015 in ûnderdiel wurden fan de KB (Koninklijke Bibliotheek). Juster hawwe de KB en auteursrjochte-organisaasje St. Lira in oerienkomst sletten dy’t de rjochten fan de auteurs fan bydragen yn net mear gongbere tydskriften kollektyf regelet. Byneed earder makke oerienkomsten tusken KB of DBNL en auteurs of har rjochthawwers bliuwe jildich.

Links nei de DBNL
De Tsjerne
Trotwaer

Fergoeding
Lira skikt auteurs fergoedingen ta foar it (wer) brûken fan teksten dy’t se skreaun ha. Mei yngong fan 2017 komme auteurs fan wa’t wurk op de DBNL stiet yn de beneaming foar in beskieden fergoeding dy’t past by it net-komemrsjele karakter fan de DBNL. Lira sil de auteurs dy’t by har bekend binne ynformearje oer de ferdielingswize fan de fergoedingen. Foar mear ynformaasje kin kontakt opnommen wurde mei Lira (This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.). 

Nijsbrief fan de DBNL

Fryske literatuer op de DBNL
Tresoar en de DBNL wurkje al langer gear. Yn 2010 by de start fan sirkwy kamen  85 Fryske literêre wurken yn de DBNL, letter oanfolle mei noch in oantal titels. Yn ’e mande mei útjouwerij Elikser kamen der ek útjeften op papier en as e-book beskikber ûnder it ymprint TDE (Tresoar-DBNL-Elikser).

Oare tydskriften
Yn de simmer fan 2011 hat Tresoar by de DBNL in oantal komplete jiergongen fan Fryske tydskriften oanlevere. Dy soene stikje by bytsje meinommen wurde yn de grutte stream fan tydskriften dêr’t de DBNL mei oan it digitalisearjen wie. Foar De Tsjerne en Trotwaer is dat no dus úteinliks slagge. Dy stiene oars al yn 2013 klear op de site fan de DBNL, mar de ynhâld koe fierder net frijjûn wurde fanwegen de rjochtekwestje. Troch de fúzjeperikels tusken DBNL en KB en de feroaring yn finansieringssysteem stûke de fierdere digitalisearring fan de oare titels. DBNL hie no net mear de mooglikheid om dy tydskriften sûnder ekstra stipe út Fryslân te digitalisearjen.
Yntusken waard yn Fryslân yn 2014 in grut digitalisearringsprojekt opset dêr’t ek literêr wurk yn opnommen wurde sil ûnder de titel 'De Fryske tûzen'. It resultaat sil beskikber komme op delpher, in oare presintaasjefoarm as de DBNL. Mear dêroer op redbot/taal.

[pleatst 9 maaie 2017]