Yn de hjerst ferskynt in nije útjefte fan it bekende 'hûneboekje' fan Trinus Riemersma. Tagelyk komt ek de oersetting beskikber.

Libben en dea neffens Jelke Bos giet oer de elfjierrige labrador Jelke Bos. Hy rekket te wetter en ferdrinkt hast, mar syn baas skuort him der krekt op ’e tiid út. Jelke hat in hast-deaûnderfining. Achternei freget er him ôf oft it wol goed wie dat syn baas him rêden hat. Hy begjint oan in boek om syn tinzen oer it libben en oer de dea te oarderjen en syn eigen libben oer te eidzjen. Jelke hat it boek sels skreaun en net de ferneamde skriuwer Trinus Riemersma, sa’t op it omslach stiet. Jelke syn libbensskôging kin ek foar minsken nijsgjirrich wêze.

Ien fan de moaiste boeken fan Trinus Riemersma (1938-2011) wurdt op ’en nij útjûn. It ferskynde yn 2001 as Tinzen oer it libben en oer de dea ûnder de auteursnamme Jelke Bos. Op 4 oktober, wrâlddieredei, komme útjouwerij Elikser en Zirimiri Press mei in nije útjefte, tagelyk yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Harmen Wind (1946-2010) wie mei de oersetting oan de gong doe’t er siik waard en ferstoar. Jantsje Post hat it wurk ôfmakke. It boek ferskynt ynklusyf de orizjinele foto’s fan Jelke Bos.

Utjouwerij Elikser hat de ôfrûne jierren yn ’e mande mei Tresoar mear Fryske boeken op ’en nij útjûn ûnder it imprint TDE.
Zirimiri Press (‘zirimiri’ is Baskysks foar ‘storein’) is fêstige yn Amsterdam en spesjalisearre yn it útjaan fan oersettingen fan literêr wurk út lytse talen.

Klaas Jansma en Eric Ennema oer it boek, 'It lêsaventoer', Omrop Fryslân 26-02-2001 


[16.06.2017]