De Fryske skriuwster Baukje Wytsma fan Reduzum hat op tongersdei 29 novimber in keninklike ûnderskieding krige dy’t Kommissaris fan ‘e Kening Arno Brok útrikt hat.

Lês mear...

Utslach Rely Jorritsmapriis 2018

Fan de 63 ynstjoeringen (36 gedichten en 27 ferhalen) binne dit jier trije ferhalen en twa gedichten bekroand mei in Rely Jorritsmapriis.

It giet om de ferhalen In bysûndere moeting fan Sipke de Schiffart (Ljouwert), It weagjen fan de see fan Lomme Schokker (Hillegom) en De ereksje fan in oar fan Koos Tiemersma (Drachten). De winnende gedichten binne Kintsugi foar in diggelbast fan Paul van Dijk (Warkum) en Sa as di wynd fan dae vlkenum waait fan Edwin de Groot (Aldehaske).

De prizen sille, lykas de lêste jierren wenst is, útrikt wurde op sneon 6 oktober yn it doarpshûs fan Weidum.

 

 

De nacht fan Mare bekroand mei Rink van der Veldepriis 2018

De Rink van der Veldepriis 2018 is freed 15 juny útrikt oan skriuwer Willem Schoorstra foar syn roman De nacht fan Mare. De oarkonde, de jildpriis en in byld fan Anne Woudwijk is him by de skriuwersarke fan Rink oerlange op de Feanhoop.

De foarsitter fan de sjuery, Janny Bottema, priizge it boek û.o. om syn byldzjende en poëtyske skriuwstyl, dy’t bytiden ek ‘rjocht foar de raap is’. As je ien kear begûn binne te lêzen, lit it ferhaal je net mear los. Neffens de sjuery behearsket Willem Schoorstra de Fryske taal oant yn syn fingerseinen. Dat is in geniet foar de lêzer.

Hjirby it sjueryrapport.