Berne: 24-02-1929, BLAUHÛS

Libben en wurk

Teije Brattinga waard as âldste fan fjirtjin bern berne yn de Roomske enklave Blauhûs. Earst soe er pryster wurde, mar doe’t er nei seis jier stúdzje te hearren krige dat er minder geskikt wie, smiet er it roer om. Neidat er earst in typskoalle oernommen hie,  fertsjinne er letter de kost by boekhannel /útjouwer ‘It wite boekhús’ te Boalsert. Yn dy tiid skreau er al in soad, bygelyks yn De Tsjerne. Dat die er gauris ûnder skûlnammen as Bernlef of Hendrik Reitsma. Dêrneist publisearre er koarte ferhalen, skôgingen en trije toanielstikken foardat er him talei op it skriuwen fan romans. Yn it literêre libben wie er ek warber. Sa wie er ien fan de oprjochters fan de Koöperative Utjouwerij.

Nei tsien jier pakte er de stúdzje dochs wer op oan de Katolike Universiteit te Nijmegen. Nei sân jier slagge er foar syn doktoraal. Letter promovearre er op in stúdzje oer teolooch en filosoof Paul Tillich. Hy sette him nei wenjen yn Overasselt, dêr’t er godstsjinstlearaar waard.

Syn earste roman De stadige leafde fan Fetsje, publisearre er yn 1964. Fetsje, de haadpersoan, fersoarget it húshâlden en de administraasje fan har heit, dy’t dokter is. It libben hie har nei in ôfbrutsen stúdzje net al tefolle te bieden. Ek yn de leafde is dit it gefal. Dêrom keppelet har freondinne har oan in broer dy’t noch frijfeint is. Trinus Riemersma [1] hie net folle mei dit boek op. Nei in yngeande tekstanalyze beslute er syn besprek mei: ‘Teije Brattinga biskôget syn lêzers as hounen dy't men achteleas in bonke tasmite kin, mar hy mei hwat my bitreft syn rotsoai hâlde.’ Om dit boek ûntstie yn novimber 1966 grutte opskuor doe’t by de RONO in siktaresse ûntduts dat it boek frijwat like op in boek dat se earder lêzen hie. Lolle Nauta toande dêrnei oan dat Brattinga in part fan it boek yndied oernommen hie út Een weerspannig hart fan Marjorie Moore [2]. Brattinga ferdigene himsels troch te stellen dat er net bewust dien hie. Tsien jier dêrfoar, sa lei er út, hie er in toanielstik (Harm en Amor B.V.) skreaun oan ’e hân fan it niisneamde boek fan Marjorie Moore. Wylst er doe wol oanjûn hie dat it stik dêrop basearre wie, hie er dat net dien by De stadige leafde fan Fetsje. Yn in oar ynterview neamde er dat fersom ‘net elegant’.

Yn itselde jier 1966 kaam Brattinga mei As in skaed, syn twadde roman. De haadpersoan, Christina Aquina, is in widdofrou fan oer de tachtich. Se sit yn in bejaardesintrum en sjocht werom op in tal aspekten fan har libben, har leafdes, it krewearjen op de pleats, de godstsjinst en har bern. Drs. Meerburg wie yn Literair Kwartier fan de RONO [3] net entûsjast: ‘Van literatuur zijn wij hier dan ook míjlen ver verwijderd!’ Hy basearre syn oardiel op it ûntbrekken fan spanning; foar him bestie it boek foaral út ‘gejeuzel’.  Piter Terpstra [4] seach it oars. Hy priizge Brattinga foar ‘de moed en it formogen om in net al to maklik en foar de hân lizzend thema to bihanneljen.’

Yn 1967 ferskynde Twadde fan Brahms. Yn dat boek wurdt Susan Negenman, in konsertpianiste, folge. Foar syn tredde roman krige Brattinga de hannen net by alle besprekkers opinoar. Klaes Wielinga [5] fûn by in oantal krityske opmerkingen it boek ‘flot skreaun’, wylst er ek wurdearje koe dat der in probleemstelling sintraal stiet dy’t ‘net sa faek yn de Fryske literatuer foarkomt’. Marten Sikkema [6] lykwols fûn de novelle, want dat is it, ‘net to fortarren’.

Yn 2000 kaam Brattinga mei Dy ferrekte papen, in roman oer de godstsjinstige striid om 1580 hinne. Gjinien mocht noch Roomsk wêze, mar yn Grevingeterp (Greonterp) tinke in soad ynwenners dêr hiel oars oer. Henk van der Veer [7] hie wol sympaty foar dy ‘gewoane roomse rakkerts dy’t har net sizze lieten wat “dy lju út Ljouwert” allegear foar har bedisselen’. Gerbrich van der Meer [8] hie ek wurdearring foar ‘de sterke kant fan it minsklike gesicht dat Brattinga oan de tsjerkeskiednis jout’, al sinjalearre se yn it boek ek ‘de swakkere kanten fan it rinnende ferhaal en de skriuwstyl’. Jabik Veenbaas [9] neamde dit boek in ‘lêsbere roman’ oer ‘in nijsgjirrich stik skiednis’.

Neist romans en novellen publisearre Brattinga ek geregeldwei wurk út syn teologyske achtergrûn wei.

Boarnen foar dit stik
[1] De Tsjerne, jiergong 21 (april 1966)
[2] De Tsjerne, jiergong 21 (novimber 1966)
[3] Literair Kwartier RONO, 23-11-1965
[4] Frysk en Frij, 05-11-1965

[5] Friese Koerier, 28-10-1967
[6] Leeuwarder Courant, 04-11-1967
[7] Sneeker Nieuwsblad, 22-05-2000
[8] Friesch Dagblad, 28-06-2000
[9] Leeuwarder Courant, 31-03-2000 (diel 1 en diel 2)

Bibliografy

Romans
1964: De stadige leafde fan Fetsje
1964: As in skaed
1967: Twadde fan Brahms
2000: Dy ferrekte papen (‘documentaire dramatique’)

Poëzy
1972: In kras op wyt papier (twatalich)

Berneboeken
1999: Lytse Anna

Ferskaat
1972: Een theologie van de mens naar wie God omziet (doktoraalskripsje)
1977: Jezus fan Nazareth
1980: Theologie van het socialisme (proefskrift)
1980: De jildkoartse (blomlêzing fan rym en ûnrym, besoarge troch Teije Brattinga)
1995: Ynlieding op de Bibel
1995: Nuvere minsken: Roomsken yn Fryslân, benammen dy fan Blauhûs (Ljochtmoannerige nr. 12)

Mear oer libben en wurk

Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite

© Tresoar, 05-04-2017