Berne: 15-06-1962, Wierum

Libben en wurk

Tineke de Jager-van der Zee is berne yn Wierum. Sy folge de PA (foarrinder fan de PABO). Se wennet en wurket yn Dokkum as pjutteliedster en as kursusliedster Frysk.

Nei in kursus ferhalen skriuwe foar bern is Tineke de Jager-van der Zee begûn te publisearjen yn it tydskrift Switsj, folge troch in publikaasje yn ff foarlêze. Har passy is om de leafde foar de Fryske taal oer te bringen troch opsisferskes, ferhaaltsjes en ferskes foar bern en foar grutten.

Geandewei kaam sy yn ’e besnijing fan de goedfrou (froedfrou) Catharina Schrader en skreau dêr in boek oer dat yn 2008 ferskynde as Goedfrou foar it libben. It ferhaal is basearre op de oantekeningen fan froedfrou Catharina Schrader dy't libbe fan 1655 oant 1745 en hat in gronologyske opset. Dat soarget der neffens Jetske Bilker [1] foar dat it boek der nei de ein ta net spannender op wurdt. Tagelyk hie se wurdearring foar al it ûndersyk dat troch de skriuwster dien is en de styl: ‘De Jager lit sjen dat se it proazaskriuwen goed behearsket. Yn it earste, grutste part wikselet se ynformaasje en dialogen goed ôf en har styl is goed.’

Yn 2012 publisearre se har twadde roman De bosklju, in bynamme foar de Labadisten dy't yn Wiuwert taholden op Walda-state. In ferneamd lid fan dy sekte wie Anna Maria van Schurman. Yn it boek reizget teologystudint Thomas yn 1707 ôf nei Wiuwert om mear oer de Labadisten te witten te kommen. Lykas earder Jetske Bilker seach ek Doeke Sijens [2] in skriuwster dy't de skiedniskant fan it ferhaal goed bestudearre hat: 'De skriuwster hat dúdlik in soad stúdzje fan de Labadisten makke en flechtet dy ynformaasje betûft troch it ferhaal' en fierderop yn syn besprek: 'De teologyske kan fan it ferhaal wurdt goed en helder útwurke'. Tagelyk wie er kritysk op de útwurking: 'It ferhaal ferrint spitigernôch tige stadich en sûnder folle spanning'. Jaap Krol [3] fûn it moai dat de personaazjes net 'yn swart en wyt' beskreaun wurde: 'It bringt de minsken tichteby en lit se hiel natuerlik bewege yn harren omjouwing'.

In jier letter folge Kiloknaller, in boek oer in frou dy't yn Portugal in oplossing foar har ytprobleem siket. Tineke de Jager kaam op it idee troch in kranteberjocht oer in frou yn Spanje [4] dy't it paad bjuster wie en tolve dagen op itselde plak sitten bleau, wachtsjend op help. Datselde liet De Jager ek haar haadpersoan oerkomme. It wie har earste roman oer in aktueel ûnderwerp en dan ek noch skreaun yn de earste persoan, wat de skriuwster ynearsten net maklik fûn, sa't se yn itselde fraachpetear oanjoech. Doeke Sijens [5] fûn it 'in goede set' om it ferhaal yn de ik-foarm te skriuwen: 'It gefjocht mei de natoer en it wrakseljen met de kilo's wurdt yn "Kiloknaller" tige realistysk beskreaun'. Dat gie neffens him net op foar de beskriuwing fan de haadpersoan, dy bleau dêrtroch neffens Sijens te 'igaal'.

Boarnen foar dit artikel
[1] Jetske Bilker, LC 14-03-2008
[2] Doeke Sijens, LC 24-02-2012
[3] Jaap Krol, FD 08-09-2012
[4] Sietse de Vries, LC 15-11-2013
[5] Doeke Sijens, LC 31-01-2014

Bibliografy
2008: Goedfrou foar it libben (ferhaleroman)
2012: De Bosklju
2013: Kiloknaller

©Tresoar, 11-07-2018