Berne: 23-02-1969, Snits

Libben en wurk

Elmar Kuiper is berne yn Snits, dêr hat er in part fan syn jeugd trochbrocht. Letter ferhuze de famylje Kuiper nei it Marsumer âldlân.

Elmar is in soan fan skriuwster Akky van der Veer en fotograaf Henk Kuiper (ferstoarn jannewaris 2005). Yn 1998 studearre er ôf oan de Grinzer keunstakademy Minerva, neidat er earst in tal jierren wurke hie as psychiatrysk ferpleechkundige. Fan byldzjend keunstner waard er allinkendewei wurdkeunstner, yn syn keunstwurken kaam hyltyd mear tekst, dat gie safier dat de teksten keunstwurken op harsels waarden. Kuiper hat him ûntwikkele ta in alsidich keunstner, hy is aktyf as dichter, skilder, fideo-filmer en perfoarmer. Fierders wurket er noch as opropkrêft yn de psychiatry.

Dichter
Syn earste fersen publisearre er yn 2001 yn literêr tydskrift Hjir en op it ynternettydskrift Kistwurk. Yn boekfoarm debutearre Kuiper yn 2004 mei de bondel Hertbyt. De fersen yn Hertbyt wike ôf fan wat de trochsnee lêzer fan in gedicht ferwachtet. It binne gjin fersen mei in dúdlik boadskip, opbou en foarm. Se binne assosjatyf en Kuiper eksperimintearret mei klank, ritme en wurdfoarming. Troch de kritisy waard de bondel ferskillend wurdearre. Abe de Vries[1]  neamde yn syn resinsje Uttochte tinkaaien fan in nuvere fûgel de bondel tige slagge. Hy rôp by him bewûndering op, mar ek yrritaasje: 'It is fisuele poëzij, dêr’t lykwols goed oer neitocht is' (…) 'Hertbyt hat in protte skaaimerken fan in postmoderne bondel. De tradisjonele betsjutting fan it fers is ûndergeskikt makke oan it boartsjen mei bylden'. Babs Gezelle Meerburg [2] skreau yn har besprek fan de bondel:  '… ynhâldsleas, foarmleas en emoasjeleas. It mist hert, it mist beat. Ut poëtikaal eachweid is dat nijsgjirrich, om’t der in oare as de tradisjonele modernistyske literatuerfizy út sprekt. Nijsgjirrich is lykwols wat oars as moai'. Dêrfoaroer neamde Eeltsje Hettinga [3] Hertbyt in sterk debút. In sitaat út syn besprek fan in fers út dy bondel: 'De Mankelike Man is yn de foarm ien fan de meast eigensinnige, orizjinele en sterkste teksten dy’t de lêste jierren yn Fryslân ferskynd is'. De bondel is yn 2005 nominearre foar de Fedde Schurer-priis, de troch de provinsje Fryslân ynstelde priis foar debutanten.

De twadde bondel dy't fan Elmar Kuiper ferskynde wie de twatalige blomlêzing Roep de Rottweiler op! / Rop de Rottweiler! op (2006). Yn de bondel steane in tal troch Jabik Veenbaas útsochte, en troch him yn it Hollânsk oersette, fersen fan Kuiper. Rob Schouten [4]wie tige posityf: 'Inderdaad zit er een soort ongegeneerde dynamiek in deze gedichten, die zich noch van de traditie noch van hedendaagse praktijken veel lijken aan te trekken. (…) Met iets van Marsman en van Lucebert in z’n bloedbanen gaat hij de wereld te lijf'.

Syn twadde Frysktalige bondel, Ut namme fan mysels, ferskynde desimber 2006. De fersen yn dy bondel binne persoanliker en minder abstrakt as dy yn Hertbyt. Kuiper dichtet hjiryn oer universele begripen as leafde, dea, fertriet en rouferwurking. De bondel waard selektearre foar Ten books from Friesland om mei te draaien yn de promoasje op de Frankfurter Buchmesse.

Jannewaris 2007 publisearre it ynternasjonale literêre tydskrift Poetry Wales, trije, troch Susan Massotty yn it Ingelsk oersette, fersen fan Elmar Kuiper. Yn juny 2006 hat Kuiper as Frysk dichter syn wurk foar it fuotljocht brocht op Poetry International te Rotterdam.

Elmar Kuiper rjochte yn ’e mande mei byldzjend keunstner Wouter Jansen yn 1999 it keunstnersselskip De Swiete Hoannen op, inkelde moannen letter sleat komponist en filmmakker Marc R. Kooij him by har oan. Oant de opheffing yn 2004 brocht it kollektyf yn wikseljende gearstalling optredens foar it fuotljocht dy’t opfoelen troch absurdistyske teksten, ynteraktive ymprovisaasjes en rituelen, fakentiids ynspirearre troch aktuele foarfallen. De skreaune teksten wiene fan de hân fan Kuiper en Kooij.

It keunstnerskollektyf foarme ek de oanset ta de oprjochting fan Wyld Hynder Films, mei Marc Kooij en Elmar Kuiper as meast aktive leden. Se makken koarte films oer minsken dy’t har net thús fiele en net passe yn de hjoeddeistige maatskippij. De filmers ferwurkje autobiografysk materiaal yn har films, omdat sy ek in soarte fan spanning fiele tusken har en de minsken en it libben om har hinne. Yn 2002 produsearren se de spylfilm Steunpunt Levende Doden, dy’t opnaam is yn Ljouwert, Grins en Berlyn; yn de film wurdt de wrâld besjoen troch de eagen fan in kwetsber sjeny. Har folgjende projekt wie de film Dream yn blauwe reinjas. Yn dy film drage 23 Fryske dichters in fers fan harsels foar, dat stiet yn de troch Tsead Bruinja en Hein Jaap Hilarides gearstalde bondel Dream yn blauwe reinjas. De bondel biedt in oersjoch fan wat jonge Frysktalige dichters tusken 1990 en 2000 skreaun hawwe.

Yn 2006 makken se de poëtyske film: Mei pionierslearzens tekenje ik Ljouwert op ’e nij, oer stedsdichter Arjan Hut. De film ferskynde jannewaris 2007 by de bondel 0506 fan Hut.

Yn 2010 publisearre Elmar Kuiper de Nederlânsktalige bondel Hechtzwaluwen. Ek hjiryn set Kuiper boartlikens en it absurde yn, in kombinaasje dy't Jurre van den Berg [5] wakker yn betizing brocht. Dochs seach er wêr't de krêft fan Kuiper syn poëzy leit: 'Kuipers' af en toe absurde hersenspinsels zijn soms ogenschijnlijk betekenisloos en moeilijk te plaatsen. Hij laat echter met Hechtzwaluwen zien te beschikken over waar het de andere drie Buddingh’-genomineerden veelal aan ontbreekt: eigenheid, onvoorspelbaarheid en lef. Niet alleen feitelijk – met reeds drie bundels op zijn naam – is Kuiper geen debutant meer: hij is met zijn evenwichtige eigen toon dat niveau al lang ontstegen. De jury van de C. Buddingh’-prijs 2010 doet er mijns inziens dan ook verstandig aan deze prijs uit te reiken aan Elmar Kuiper voor zijn bundel Hechtzwaluwen'.

Al nei in jier folge der wer in Frysktalige bondel: Granytglimkes. De hast santich gedichten binne ferdield oer seis skiften, dy't elk begjinne mei in sitaat út 'e popmuzyk. Jelle van der Meulen fûn it gedichten mei 'minder grillige beelden'. Oan de kwaliteit twifele er net: 'Net als in zijn vorige bundels speelt de natuur, spelen dieren een belangrijke rol, maar vaak wat minder grotesk dan in de beelden die hij in oudere gedichten gebruikte. En vooral weet Elmar Kuiper weer gedichten te schrijven in een rake taal, waarin beelden en klanken om voorrang strijden'.

Yn de bondel Hiemsiik stiet û.o. in skift mei gedichten oer syn yn 2005 ferstoarne heit. Sjoerd van Meteren [8] seach Hiemsiik net as in nostalgyske bondel, mar mear as 'een queeste, een speurtocht naar een leefbaar geheel'.

Nei it Nederlânsktalige Ruimtedier (nominearre foar de JC Bloemprijs) kaam yn 2018 de bondel Stienkeal út. De titel stiet foar it ferlies, de pine dy't er fielt, yn fiif skiften wurdt dat gefoel ûnder wurden brocht. Jelle van der Meulen [9] fette de ynhâld sa gear: 'De gedichten in Stienkeal bieden, net zoals die in Hiemsiik, doorkijkjes naar het omgaan met de grote thema’s in het leven: verlangen, liefde, dood en met name de twijfel hoe dit alles te benaderen. Gedichten geven nooit een eenduidig antwoord op de vraag hoe te leven, maar de gedichten van Elmar Kuiper helpen wel om op de been te blijven'. Tsead Bruinja [10] seach in bondel mei 'skerpe bylden en kompakte rigels'. Tagelyk wie er fan betinken dat fertriet en pine der somtiden wat tefolle boppe op leine: 'It tilt op fan de triennen en wiete eagen yn Stienkeal'.

Op it Greidhoekfestival 2015 debutearre Kuiper mei de alternative muzykgroep Tigers fan Greonterp. Letter folgen optredens op ûnder oare it Freezefestival en Eurosonic.

Boarnen foar dit artikel
[1] Abe de Vries, Farsk 2004
[2] Babs Gezelle Meerburg, LC 02-07-2004
[3] Eeltsje Hettinga, Trotwaer 06-2005
[4] Rob Schouten, Awater, jaargang 5 - 2006
[5] Jurre van den Berg, Tzum 09-06-2010
[6] Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
[7] Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
[8] Sjoerd van Meteren, De Moanne 01-12-2015
[9] Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
[10] Tsead Bruinja, LC 07-09-2018

Wurk

Poëzy
2004: Hertbyt
2006: Roep de rottweiler op! / Rop de rottweiler op! (twatalich)
2007: Ut namme fan mysels
2010: Hechtzwaluwen (Nederlânsktalich)
2011: Granytglimkes (2de pr. 2015)
2015: Hiemsiik
2016: Ruimtedier
2018: Stienkeal

Toaniel
2010: De fûgels fan fantasia (toanielstik yn trije bedriuwen)
2012: De lytse kannibaal (Tragikomeedzje yn trije bedriuwen)

Prizen
2003: Rely Jorritsmapriis – (fers: 'In mankelike man seit himsels in frije fûgel ta')
2005: Rely Jorritsmapriis – (fers: 'Ut namme fan mysels')
2006: Rely Jorritsmapriis – (fers: 'Goedmeitsje')
2008: Rely Jorritsmapriis – (ferhaal: 'Dach')

Nominaasjes
2004: Fedde Schurerpriis foar Hertbyt
2010: Cees Buddingh’prijs foar Hechtzwaluwen
2016: JC Bloemprijs foar Ruimtedier
2016: Piter Jellespriis foar Ruimtedier en Hiemsiik

Mear ynformaasje

Hedwig Terpstra, fraachpetear op Ensafh., 13-05-2011
Skriuwersynformaasje by útjouwerij Atlas/Contact
Pim Zwier, 'Oerdak. Gedicht in wording' dokumintêre 2009
Elmar Kuiper lêst Ierdehûd (©Omrop Fryslân)
Abe de Vries, FD 04-08-2018 (besprek Stienkeal)

©Tresoar, 04-07-2018