Berne: 07-07-1949, broeksterwâld

Libben en wurk

Gooitzen Monsma waard berne yn Broeksterwâld. Nei de MULO kaam er telâne op notariskantoaren yn Ljouwert en Gytsjerk.

Nei de militêre tsjinst hat er wurke by de gemeente Ljouwert (stêdsfernijing), Snits (iepenbiere wurken en wenningbedriuw) en Kollumerlân (earst by de sosjale wurkfersjenning, letter as haad fan ferskate ôfdielingen en as lêste yn de funksje fan griffier).

Syn earste ferhalen skreau er yn it blêd fan de tennisklup yn Snits ûnder de skûlnamme Wytse J. Riemersma, letter folgen ek ferhalen foar in lokale krante. In pear bydragen binne yn it ferline noch skreaun foar in lanlik blêd oer ‘aanloophuizen’. Literêre aspiraasjes wiene der net.

Nei syn ferhuzing fan Snits nei Kollum foel er in skoftsje yn in leechte en krige er fan syn frou in kursus kreatyf skriuwen oanbean. Mei in soad nocht hat er dy kursus folge en nei ôfrin wie de ferwachting van de skriuwdosint dat der wol in boek fan him ferskine soe. It bleau by koarte ferhalen.

Nei 't pensjoen drûge it skriuwen hielendal op, oant er frege waard in koart ferhaal foar de Fleanende Krie, it ledeblêd fan de KFFB, te skriuwen. Dat is net by ien kear bleaun. Troch de KFFB is er neitiids frege mei te dwaan oan in kursus romanskriuwen dy't fersoarge waard troch Jetske Bilker. Dy útdaging is er oangien. Jetske Bilker hat him fierder begelaat en sa yn 2018 is syn debútroman It testamint fan Tonnema úbrocht.

Yn dit boek komt de haadpersoan Wytse, dy't opgroeid yn in strang kristlik miljeu, nei de Mulo-skoalle te wurkjen op in notariskantoar. As jongste klerk besoarget er in slúf mei dêryn in testamint op in adres dat net moatten hie. Dat leveret in soad argewaasje op. It boek is sawol foar de parten dy't spylje op it notariskantoar as foar de beskriuwingen fan it húshâlden dêr't Wytse diel fan útmakket, gauris basearre op de ûnderfiningen fan de skriuwer sels, sa't er oanjoech yn in fraachpetear mei Sietse de Vries [1].

Boarnen foar dit artikel
[1] Sietse de Vries, LC 12-10-2018 [link folget**]

Wurk

Romans
2018: It testamint fan Tonnema
 
Prizen
1997: Ferhalewedstriid Friesch Dagblad

Mear ynformaasje

RTV NOF, 23-09-2018 (ferslach presintaasje It testamint fan Tonnema)

©Tresoar, 31-10-2018

(Foto auteur: Wietske Monsma-Vanger)