Berne: 07-10-1959, Longerhou

Libben en wurk

Sipke de Schiffart is boeresoan. It wie de bedoeling om it bedriuw fan syn heit oer te nimmen, seit er yn in petear mei Hedwig Terpstra fan Ensafh.

Doe’t it safier wie, belibbe er dat wurk lykwols as tige yntinsyf en ferkocht er de pleats nei tsien jier boer west te hawwen. No hat er alle tiid om him op it skriuwen út te lizzen. Eartiids sykjend om ‘djipper’ as it boerebestean, krige De Schiffart hieltyd mear nocht oan literatuer. Hy lies in soad, learde gedichten út ’e holle en skreau doe’t er in jier as tweintich wie sels ek poëzij.
Tsjintwurdich is er njonken it skriuwen ek warber as skilder. Sa hat er sels it byld makke fan it lânskip op it omslach fan syn debút Wat it is om bang te wêzen, dat it Longerhou fan de ein jierren sechtich ferbyldet. ‘De tiid dat it lân noch fol mei blommen stie,’ seit er dêroer. Sipke de Schiffart wennet yn Boalsert.

As in earste stap ta it skriuwen, gie De Schiffart yn 2005 nei in skriuwkursus fan Tresoar, by Akky van der Veer en Hylke Tromp. Doe skreau er foar it earst yn it Frysk. De koarte ferhalen dy’t sa ûntstiene, waarden publisearre yn Hjir en Ensafh.
Yn 2006 krige De Schiffart erkenning foar de kwaliteit fan syn wurk yn ’e foarm fan de Rely Jorritsmapriis. Oer syn ynspiraasje seit er: ‘Ik mei graach lâns it wetter rinne, ûnder it kuierjen krij ik dan gauris in idee. Soms helje ik foar myn ferhalen ek dingen út de werklikheid en gean dan mei sa’n idee oan ’e haal.’
In tema fan de dea komt gauris werom yn syn wurk. ’Ik bin in stjerlik wêzen,’ seit er yn in fraachpetear [1] fan Sietse de Vries, in werklikheid dêr’t De Schiffart by syn ferbliuw yn it arkje fan Rink van der Velde it idee foar syn ferhaal Lotte op De Feanhoop oan ûntliende.

Syn debút Wat it is om bang te wêzen waard tige entûsjast ûntfongen. De tsien ferhalen springe derút troch harren komposysje en de gauris synyske draai, de personaazjes binne ienlingen mei in fassinaasje foar dea, seks en geweld. Doeke Sijens [2] yn syn besprek: ‘Hast altyd binne de komposysjes fan de ferhalen sterk, mei oertsjûgjende situaasjes.’ Ek Jaap Krol [3] seach dy kwaliteit, njonken de effekten fan humor en oerdriuwing yn kombinaasje mei it ûngemak dat se oproppe, al wie er wol fan betinken dat De Schiffart yn guon ferhalen koarter om 'e hoeke koe: 'De Schiffart rekt syn ferhalen soms tefolle'. Jelle van der Meulen [4] neamt de ferhalen ‘Indringend, met prachtige details en hooggeplaatst op mijn lijstje van beste Friese boeken uit 2012’, wylst Sjoerd Bottema [5] syn besprek sa ôfsleat: 'De Schiffart beskriuwt alle ellinde mei in swartgallige, flymjende humor dy’t tagelyk relativearret en ôfstân nimt. In eigensinnich en opfallend debút'.

Dichter
De Schiffart skriuwt ek gedichten. Oer syn poëzy seit er dat dy tagonklik en net kriptysk of hermetysk is. Hy krige yn 2011 foar syn gedicht Koosje in blyk fan wurdearring fan de Rely-sjuery 2011. De bondel Oan dy tinke ferskynde yn 2017 en krige loovjende resinsjes. De bondel is ferdield yn acht skiften, tema is de leafde, of better sein: de langstme nei leafde. Jelle van der Meulen [5] neamde de gedichten 'schaamteloos eenvoudig', wêrby't er him ôffrege hoe't it kin dat sok wurk dochs moaie poëzy opsmite kin. Eppie Dam [6] omskreau De Schiffart yn syn besprek as synykus en romantikus: 'Mar altyd is humor de rêdende ingel'. Rixt Oenema (Leeuwarder Courant) sette yn har jieroersjoch fan 2017 de bondel op it earste plak.

Boarnen foar dit stik
[1] Sietse de Vries, LC 21-12-2012 (fraachpetear)
[2] Doeke Sijens, LC 08-02-2013
[3] Jaap Krol, FD 09-03-2013
[4] Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
[5] Sjoerd Bottema, De Moanne 01-2013
[6]Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
[7] Eppie Dam, LC 16-06-2017

List fan belangrykste wurk

Proaza
2012: Wat it is om bang te wêzen (ferhalen)

Poëzy
2017: Oan dy tinke: leafdesgedichten dy't it bestean wat lichter meitsje

Prizen
2006: Rely Jorritsmapriis foar Toe Sippy ju! (ferhaal)
2010: Rely Jorritsmapriis foar Leafde nei de dea (ferhaal)
2016: Rely Jorritsmapriis foar It geheim fan in goed houlik (ferhaal)
2018: Rely Jorritsmapriis foar In bysûndere moeting (ferhaal)

Nominaasjes
2014: Rink van der Veldepriis (Wat it is om bang te wêzen)
2014: Douwe Tammingapriis (Wat it is om bang te wêzen)
2015: Longlist Gysbert Japicxpriis (Wat it is om bang te wêzen)

Mear ynformaasje
Hedwig Terpstra, Fraachpetear op Ensafh 13-03-2013
Geart Tigchelaar, Ensafh 11-09-2017 (fideobesprek Oan dy tinke)

© Tresoar, 03-01-2018