Sirkwy is de webside fan Tresoar foar dokumintêre ynformaasje oer de Fryske literatuer. Jo fine der ynformaasje oer skriuwers, har wurk, wichtige saken oer literêre prizen en de nijferskynde Frysktalige titels.

Sirkwy.nl is feroare yn sirkwy.frl

Sirkwy gie online yn april 2010 as sirkwy.nl. Mids novimber 2016 krige de redaksje fan de webbouwer en -hoster it nijs dat it cms (it behearsprogramma) fan Sirkwy mei yngong fan 2017 net langer stipe wurde soe. Dat betsjutte dat Sirkwy yn 2017 in nije opset ha moast, sawol yn it oansjen foar de brûkers as oan de ‘achterkant’. De plannen dy’t der altyd al wiene om Sirkwy by de tiid te bringen kamen sadwaande yn in streamfersnelling. De Tresoar-webredakteur ûntwurp in nije site op it nije adres sirkwy.frl. De opset dêrfan is ienfâldiger as de eardere site en der wurdt no in open source behearssysteem brûkt (joomla). Tresoar hâldt de site yn eigen behear.

Ferhuzing: links ferfange kostet tiid

Meiwurkers fan Tresoar hawwe de biografyske ynformaasje oer skriuwers fan de âlde site oerbrocht nei de nije: 300 Fryske, 75 Nederlânske en 2 Ingelske. Yn de rin fan 2017 folgje de 500 boekprofilen (almeast fan literêr proaza fan de 21ste iuw) en 100 oare artikels mei ferskate ynhâld, ûnder oare dokumintaasje oer de literêre prizen.
Grutste tûkelteam dêrby is it fernijen fan de links. Brûkers fan sirkwy moatte der rekken mei hâlde dat it de earste tiid geregeld foarkomt dat links net doge. Dat sil yn de rin fan 2017 starichwei better wurde.    

Alde webside

De âlde webside wurdt opnommen yn it digitaal argyf fan Tresoar, mar is fan bûten ôf net mear te besjen. It is technysk te tiidslinend om dat yn oarder te meitsjen. In ferfelende bykomstichheid is dat links fan eksterne websides dy’t nei it âlde sirkwyadres ferwize (bg. Wikipedy, Lezen voor de lijst of Frysk literêre tydskriften) it no net mear dogge – it lot fan folle mear links op ynternet (de libbenssyklus fan in trochsneed webside is 5-7 jier). Us hope is dat mei ferrin fan tiid dearinnende links ferfongen wurde troch links dy’t wol goed wurkje.

Mear oer sirkwy >>>

Kontakt

De redaksje fan Sirkwy is te berikken op email This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it..

Redaksje Sirkwy
10 maart 2017