|
Jetske Bilker
DE WRALD FAN ‘E GRUTTE
MINSKEN
Impresjonistysk komponearre
‘ferhaleroman’ fan Aggie van der Meer
Wêrom skriuwt ien boeken lykas Untdekking fan ’e wrâld, frege ik
my by de earste kear lêzen ôf. En hoe komt
it dat in boek dêr’t de wrâld yn
ûntdutsen wurde moat, folle behindiger is as in
boek dêr’t de himel yn ûntdutsen
wurdt? Want de titel fan dit boekje docht daliks tinken
oan it grutte liifwurk fan Harry Mulisch, De
ontdekking van de hemel (1992), en it kin dan ek
net per ûngeluk wêze dat ien har boek
sa’n titel meijout.
No is it boek fan Mulisch in hiel oar
boek; wurdt dêr yn yn ien lang ferhaal en mei twa
haadpersoanen it begjin fan in histoarje delset,
dy’t de ûntdekking fan de himel ynliedt, yn
it boek fan Aggie van der Meer is sa gau gjin reade
tried te ûntdekken. Oan ’e ein derfan wurdt
ek net in wrâld ûnthuld sa as yn de
ûntdekking fan de himel.
Untdekking fan de
wrâld wurdt wat dizenich in ferhaleroman
neamd. Wat is in ferhaleroman? De haadstikken foarmje
gjin ferhalen op harren sels. Miskien hawwe skriuwster
en útjouwer foar de beneaming keazen omdat men
yn dit wurk net sa gau in trochgeande ferhaallijn fine
kin. Mar mear foar de hân leit dat de skriuwster
hielendal gjin roman skriuwe wollen hat, mar in
autobiografyske en impresjonistyske komposysje delsette
woe, sûnder bûn te wêzen oan wetten
fan hokker sjenre dan ek. Dizze skriuwster lavearret
faker tusken de fêstleine sjenres troch, tink oan
har ultra-koarte ferhalen, dy’t ek wol
proazagedichten neamd wurde. Yn alle gefallen krijt se
de lêste jierren in hiel eigen plak yn de Fryske
literatuer en meie we bliid mei har wêze!
Losse waarnimmings
Om te sjen wat har doel wol west hat, moat men jin as
lêzer hielendal oan it boek oerjaan, en it mar
oer jin komme litte. Men kin daliks wol ophâlde
mei út te finen wêr’t it oer giet,
of wêr’t alles op slacht, want dy
dúdlikheid krijt men net. It binne feral losse
persoanlike en assosjative gedachten dy’t
allegearre ien basiskearn hawwe: de ûntdekking
fan ’e wrâld. Sjoch nei in stik as:
‘Us heit slipe al ús potleaden en fiske
in wesp út ’e ranja, dy’t er letter
mei syn bûsskjirke trochknipte. Us mem dy’t
nei de bakker Van Dijk soe, sei: ‘Doch dat no
net.’ Bakker Van Dyk wosk noait syn hannen as er
taarten makke, mar fage se hieltyd oan in doek
ôf.
‘Syn frou,’ sei ús mem,
‘komt út Dútslân.’
Dútslân, dat hearde der fansels ek
by. By de wrâld. It waard hieltyd mar mear. (s.9)
Waarnimmingen as dizze foarmje fierwei it grutste part
fan it boek. Se wurde net ferklearre. Der wurdt net
útlein wa wa is (dat moatte jo oan de nammen
sjen, lykas hjir: de bakker en syn frou) en hoe’t
elk yn relaasje mei elk stiet. De measte neamde minsken
komme ek net werom. It mei lykje as ferûnderstelt
de skriuwster alles by ús bekend, mar eins dogge
al dy lju dêr’t de ‘ik’ oer
skriuwt, der net ta. It giet om de waarnimmings fan wat
minsken, mar ek bisten dogge. Dy waarnimmings foarmje
de boustiennen fan de op te bouwen wrâld.
Yn it earste en twadde part, as de
‘ik’ bern en puber is, binne de
waarnimmings moai en werkenber. Se drage werklik by ta
it opsetten fan in wrâldbyld. It is fansels ek
net in maklik tema: hoe wurdt jins idee fan de
wrâld makke? Weromgean nei de wrâld yn in
berneholle, as jo yntusken sels al oantangele sitte mei
al dy ideeën fan hoe’t de wrâld der
útsjocht as folwoechsene. In soad lytse
dialoochjes drage der ta by:
‘Haw ik wolris in deasûnde dien?
‘Nee, bern kinne noch gjin deasûnde
dwaan.’
‘Mem wol?’
‘It soe kinne.’
‘No, dóch dan ris ien.’
It like Tsjep en my moai ta, mar ús mem die it
net en ús heit hie der ek gjin nocht oan.
Ek de spultsjes fan it famke mei har freontsje tsjoene
ús in bernewrâld foar:
‘Esso-esso,’ rôp Tsjep,
‘seerôvers. De motor op syn hurdst.’
Dat die ik. Tsjep stjoerde en seach hieltyd
achterom.’
Stadich livet se dy wrâld yn. Dat is de
iennichste gearhing dy’t der yn ’e earste
twa dielen te finen is. Tsjep is har freontsje, en it
is net dúdlik oft dat in sabeare freontsje is of
net. Oan ’e ein fan it twadde diel nimt se
ôfskie fan Tsjep. Yn it tredde part nimt Kiif, de
twifel dy’t har altyd begeliede sil, it plak yn
fan Tsjep. In soarte fan alterego, ien dy’t har
tsjinwicht en krityk jout.
Impresjonistyske wrâld fan it folwoechsen
wêzen
Wie it boek oan no ta noch te folgjen troch de
neifielbere bernegedachten, yn it tredde diel moat men
deagewoan stopje mei it sykje wollen nei in
ferhaaltried. Miskien ûntbrekt de tried omdat dy
wrâld der dan al hinne leit sa as er is. Op
impresjonistyske wize wurdt de ûntdekte
wrâld delset. En dat is fansels net de
ientsjuttende, klopjende wrâld dy’t it
famke har der yn de earste twa dielen fan foarsteld
hie: de wrâld blykt in boek mei slanters. By
‘slanters’ yn it wurdboek stiet as fjirde
betsjutting: ezelsoor (aan stuk papier). Dat kin
betsjutte dat de wrâld foar de folwoechsene foar
him al sa’n bekend gegeven is, datst him net mear
hoechst te ûntdekken: ‘dy en dy siden fan
‘e wrâld lês ik it leafst, dêr
gryp ik altyd nei werom.’It kin ek betsjutte dat
de nijens fan ‘e te ûntdekken wrâld
derôf is, in bytsje snuosterich, lykas in
nij boek der net mear moai útsjocht as elkenien
it lêzen hat.
Yn alle gefallen falt it ferskil tusken
it earste part (de berne- en jongereintiid) en it
tredde (de folwoechsentiid) wat de lêsberens
oanbelanget, no makliker te ferklearjen. Ien kear yn dy
folwoechsenwrâld telâne kommen, blykt it in
wrâld dêr’t alles op jin oankomt. De
werklikheid is diffús. Ien en ien is net
automatysk twa. Dat hat Aggie van der Meer yn de foarm
fan dit tredde diel oerbringe wollen.
Falt der dan neat te begripen yn dit tredde
diel, it boek mei de slanters? Jawol, mar it bliuwe
slaggen yn ’e loft. Sa wurdt der yn metafoaryske
bylden skreaun oer froulju, wat men lykstelle kin mei
it opkommende feminisme fan de jierren sechstich en ek
miskien wol mei in persoanlike emansipaasjestriid. Soms
liket it oer in partner te gean. In oare kear oer in
bern of bernsbern. Hiel soms is der in superkonkreet
stikje, as de ‘ik’ mem is fan in
húshâlding. It haadstik ‘petearen om
’e lange tafel’ begjint sa:
‘We hawwe in flapear sjoen.’
‘Ite we no al wer soerkoal?’
Yn it tredde diel wurdt fan in soad tradisjonele
tinkbylden ôfskie nommen. Frij tinke is yts dat
boppe driuwen komt yn de petearen fan ‘ik’
mei Kiif.
Wat moat ik mei in oar syn herinneringen?
De ûntdekking fan ’e wrâld
die my tinken oan Gesloten huis (1995) fan
Nicolaas Matsier, dêr’t in soan it
hûs fan syn ferstoarne mem oprommet en fia de
foarwerpen dy’t er foarbykomt, en fia syn tinken
oan syn bernetiid ek syn folwoechsen wêzen
beskriuwt. It gefaar fan sokke oantinkens oan
’e bernetiid is dat it te partikulier bliuwt. It
is hast egodokumintaasje. Soms lijt it boek fan Aggie
van der Meer dêr ek oan. As se te min
ferklearret, as net dúdlik wurdt wat de reden is
fan it opheljen fan bepaalde herinneringen, as der
tefolle nammen yn foarkomme dy’t letter net mear
weromkomme, hawwe jo wolris it idee: wêrom moat
dit yn in boek? Wat moat ik hjir mei? Lit har ris wat
dúdliker wêze. En neam it dan
autobiografy. Ik haw myn eigen oantinkens wol. It is of
hat se it ultym-persoanlike feralgemeniseare wollen en
sa ûntstiet der in spanningsfjild tusken it
anekdoatyske en it universele. It is in spanning
dy’t earder hearsket by poëzij,
wêrby’t it anekdoatyske faak de kwaliteit
yn ’e wei sit. Ek hielendal oan ’e ein fan
it boek kipet dit gefaar om ’e hoeke: ‘Ik
haw wurden leard, sinnen, skreaun, peteare mei
wa’t ik woe. Mei de iene buorman oer syn
toerswel-ûnfreonlik dak en mei de oare oer it
gelok fan piterseeljeflearren. Mei de biskop oer
heilgoed en seine (...).’ Dan giet it wer mear de
kant op fan in autobiografy.
Heldere styl
Mar dan haw ik it oer ien ding noch net hân.
Want wat poëzij faak úttilt boppe dat
anekdoatyske en der foar soarget dat oare minsken der
ek wat oan hawwe, is de kwaliteit fan it fers, de styl.
En dat is hjir ek ûnmiskenber it gefal. Aggie van
der Meer skriuwt helder, to the point,
gjin wurd te folle. Dochs krijt men in goed tiidsbyld
foar jin troch dizze lakonike opsommingen fan
gebeurtenissen. Lês dit mar, as se nei de
earste klasse giet en it ûnlogyske
ûnderwiissysteem dêr’t net folle
omtinken wie foar it yndividu nei foaren komt.
‘De earste dei wie spannend. Juf Regnery stie
mei in plaat foar it liif, mar wy seagen allinne de
achterkant. Doe mochten wy riede watfoar dier derop
stie. It wie in aap. Wy krigen de letterdoaze út
ús kastkes en op in richeltsje mochten wy in A
en noch A en in P lizze. Ali de Jong begûn doe te
gûlen en alle kearen as wy letter de doaze pakten
die se dat wer.’
En letter, as se folwoechsen oan it wurden is,
beskriuwt se de frijheid sa:
‘Alles feroare en alles koe oars en ik tocht dat
elkenien der bliid om wêze soe. Doe koest op
bêd wannearste sels woest, sparrebeantsjes koest
likegoed oan ien kant kopje, do giest ek wolris net nei
tsjerke en allinnich dyn mem sei der wat fan ast in
hiel wykein net ôfwaskest, mar it wie net nedich
om dy der wat fan oan te lûken.’
Dit boek hoecht men net te lêzen om it ferhaal.
Feral it tredde diel is wat dat betreft dreech. In soad
lêzers sille it dan ek op in stuit oan ’e
kant lizze, omdat it kausaal ferbân tusken de
fragminten hielendal ûntbrekt. Ek de ik-persoan
krijt men net folle hichte fan, dat fan identifikaasje
is sawat gjin sprake. Nim dêrby ek noch it
ûntbrekken fan spanning en men hoecht net mear te
rekkenjen op in grut lêzerspublyk.
Spitigernôch is in moaie en eigen styl
gjin garânsje foar in bestseller. Mar dat hoegde
it wierskynlik ek net te wurden. It boek is as in
dichtbondel dy’t men op jin ynwurkje litte moat.
In keunstwurkje, net om te ynterpretearjen mar om fan
te genietsjen.
*
Aggie van der Meer, Untdekking fan
’e wrâld (Frysk en Frij, Ljouwert
2004)
Boekhannel De
Tille 
|