|
Eric Hoekstra
TA DE SKULD (NOCHRIS)
Oer Durk van der Ploeg ‘It wrede
foarjier’ en Jabik Veenbaas syn haadstik oer Van
der Ploeg yn ‘De lêzer is in
duvel’
‘Ta de Skuld’. Dy titel hie ik boppe in
haadstik fan myn resinsje fan Koos Tiemersma De
mjitte set (Hjir 33-5, 2004). De titel fan
dy resinsje wie ‘Skuld sûnder boete’.
De boeken van Van der Ploech en Tiemersma geane beide
oer âlde minsken dy’t weromsjogge op harren
libben. Fansels mei oantinkens dy’t yn de
literêre foarm as flashbacks ferskine. Yn
Tiemersma syn De ljedder (2002) is ek immen
dy’t weromsjocht op syn libben en him skuldich
fielt. Dat begjint sa stadichoan in klisjee te wurden:
dy skuld en dat weromsjen op it libben!
En no is It wrede foarjier (earste
printinge 1994) fan Durk fan der Ploeg krekt sa’n
boek fan immen dy’t weromsjocht op syn libben en
him skuldich fielt. En dan geane De ljedder en
It wrede foarjier beide oer de oarloch! It sil
klearrichheid ha dat Durk van der Ploeg de geastlike
heit fan auteur Koos Tiemersma is: skuld, weromsjen,
oarloch.
Doe ha ik Jabik Veenbaas De lêzer is
in duvel deropnei slein, want dêr stiet in
essay yn mei as titel ‘Durk van der Ploeg of de
fitaliteit fan de psychologyske roman’. In helder
stik fan immen dy’t it hiele wurk fan Van der
Ploeg trochlêzen hat. Mar de titel misliedt in
bytsje. It wurk fan Van der Ploech toant net de
fitaliteit fan de psychologyske roman yn syn wiidste
omfieming oan. It toant allinnich de fitaliteit fan de
psychologyske roman oer skuld oan! Want Veenbaas
befêstiget yn syn essay dat yn suver alle boeken
fan Van der Ploeg de skuld sintraal stiet. In pear
oanhellingen út Veenbaas syn wurk:
- Oer In man en in minske: ‘De
skuld, sa’t Jan dy fielt oer syn dieden,
wurdt ien fan de dragende motiven yn Van der Ploech syn
wurk’ (s. 80).
- Oer Een vers graf: ‘ek hjir spilet in
skuldmotyf’ (s. 82).
- Oer It libbet mar amper: ‘It
skuldtema stiet yn dit boek sterk op de
foargrûn’ (s. 83).
- Oer De Amerikaen: ‘hy (..) lijt
ûnder eangst en skuldgefoelens, tinkt oer
selsmoard’ (s. 84-85).
- Oer De dei lûkt nei de jûn:
‘Wat Ay en Arend net fine kinne: folsleine
frijheid fan pine, skuld en eangst (..)’
(s. 85).
- Oer De winter komt: ‘Fertriet,
skuld, langstme, gemis, ûnmacht – al
dy gefoelens binne oanwêzich’ (s. 89).
- Oer It wrede foarjier: ‘It
skuldtema stiet yn dit boek foaroan’ (s.
91).
No, sa kin it wol ta. It wurd ‘skuld’
wurdt troch Veenbaas ek noch neamd yn ferbân mei
Reis nei de Kalkman (s. 92, 94). Op grûn
dêrfan konkludearret Veenbaas fleurich: ‘De
psychologyske roman libbet’. Mar dat is allinnich
wier foar sa fier as it in psychologyske roman oer
skuld is!
Kûgel
Ja, yn It wrede foarjier stiet de skuld
sintraal, krekt as yn De ljedder. It jonkje yn
It wrede foarjier is ferantwurdlik foar de dea
fan trije ûnderdûkers en syn heit, meidat
er in bytsje knoffelich en sûnder it echt te
wollen, de Dútskers oanwizingen jout omtrint de
pro-oranjens fan syn âlden en omtrint
wapendropping. Hy hâldt nammentlik in kûgel
by him, en ferstoppet dy yn panyk yn de bûse fan
in ûnderdûker. En dêrom stiet de rest
fan syn libben yn it teken fan de skuld. Boppedat
fielde er him ta in frommes oanlutsen dêr’t
krekt dy ûnderdûker (dy fan de kûgel
yn ’e jasbûse) mei frijde. Dus ek skuld oer
seksuele gefoelens. Dêrby kalvinistyske
âlden, in steile en stive heit en mem ‘and
the damage is done’. Dat is, yn it nutedop, it
plot.
It boek is meinimmend skreaun, al hie it op
bledside 134 wol ophâlde kinnen. Nei it dramatysk
stuit dat de Dútskers de ûnderdûkers
en de heit deasjitte, heakje siden 134-182 net folle
nijs ta.
Opfallend is ek it brek oan yntimiteit en
bining tusken âlden en har bern. De jonge liket
sels ek wol in ûnderduker te wêzen. En hoe
ûnemosjoneel praat er oer syn âlden! Wat
binne dat foar ûnminsken, dy’t har plichten
foar de ûnderdukers oer blykber heger oanslagge
as de plichten foar it bern oer, dat ommers in fleurige
bernetiid fertsjinnet! It bernich ferrie is hast
fertsjinne.
Fetisj
Nijsgjirrich is de figuer fan de dominatrix Eugene
Bolman. Har kontakt mei de jonge jonge wurdt hast in
sado-masogistyske sêne: ‘Doe (..) sei se
stranger: “Kom hjir”, en wiisde mei
de finger tusken har fuotten.’ Mar it bliuwt
stykjen yn in symboalyske oanset. Fansels lizze skuld
en sado-masogisme ticht byinoar. Ommers, de dominatriks
ûntlient har macht oer de masogist oan it feit
dat de masogist him skuldich fielt. In modernere auteur
as Van der Ploeg soe dêrom it sado-masogisme
ynherint yn it tema skuld fierder útwurke en
beklamme ha. En soe er oer seksualiteit skriuwe, dan
soe SM in natuerlik gefolch wêze.
Der komme oars gauris wrede of sadistyske
sênes foar yn it wurk fan Van der Ploeg. Yn De
Amerikaen fungeart it pistoal as in sadistysk
symboal. Yn It wrede foarjier is de kûgel
dy’t de jonge op it fjild mei wapendroppings
fûn suver in fetisj, in objekt dêr’t
er in syklike fasinaasje foar fielt, fundearre op in
patologyske seksualiteit.
It subjektive oardiel fan de kritikus
Wêrom nei de psychologyske roman en de skuld.
Lit my ris in fraach stelle. Wêr binne ús
oardielen oer boeken op basearre? Lit de objektive
kritearia ris gewurde, lykas taalgebrûk,
kompleksiteit en al sa. De subjektive kritearia
dêr’t ús literêre oardiel mei
op basearre is, binne benammen basearre op wat de
dominante emoasje yn in boek is en dêrmei op it
wrâldbyld (noarmen en wearden), dat by dy emoasje
heart.
Ik nim in konkreet foarbyld fan in lêzer:
mysels. Skuld is net myn dominante emoasje. Hoe kin ik
affiniteit hawwe mei in boek, mei in auteur, dy syn
noarmen en wearden, dy syn wrâldbyld fan
skuld trochweakke is? Ja, as resinsint bestribje
ik de objektive kritearia mei te nimmen. Dy kritearia
fertelle my dat dit ien fan Van der Ploeg syn bettere
boeken is. Mar ik ferachtsje it sjenre, de skuldroman.
Om krekt deselde reden, omdat Van der Poeg skuldromans
skriuwt, binne der safolle oare minsken, lykas Veenbaas
of Tiemersma, tige optein oer it wurk fan Van der
Ploeg. Miskien dat sy ferûntweardige binne oer de
populêrens fan in Giphart, dêr’t
skuld amper in rol spilet.
Wêr komt de préokkupaasje mei
skuld wei? Der kinne twa oarsaken wêze. Je
persoanlikheid kin no ien kear sa yninoar sitte dat
skuld je dominante emoasje is. Mar yn ús tiid is
skuld dochs wol wat al te populêr; soks is net
tafallich. Sjoch, de skuld wurdt je mei de brijleppel
fan it kristendom yngetten: in religy dy’t troch
de emoasje skuld obsedearre is. Yn dy sin is Van der
Ploeg in auteur yn de kristlike kulturele tradysje, en
Veenbaas in kritikus yn dy tradysje. Mar no’t de
wrâld minder kristlik wurdt (sekularisearring),
ferliest dat type roman oan populariteit, en kinne
auteurs lykas Giphart bygelyks populêr wurde,
foar wa’t skuld gjin haadtema is. Sokken ha oare
obsesjes, oare dominante emoasjes. En allyksa komme der
dan ek resinsinten dy’t neat mear mei skuld ha
...
*
Durk van der Ploeg, It wrede foarjier
(Merkelrige, Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2004). Foar
it earst útjûn yn 1994.
Boekhannel De
Tille 
|