Op 15 juny 2019 is der wer in spesjale poëzyjûn yn de Aldehou, de bekende skeve toer fan Ljouwert. In jûn mei dichters, ferhalenfertellers  en muzyk. Oan it begjin fan de jûn drage trije learlingen fan OBS De Oldenije in sels skreaun gedicht foar.

It talepaviljoen MeM fan Kulturele haadstêd 2018 stiet no yn Bûtenpost, by de Muzykpleats, Egypte 16A. Op woansdei 29 maaie om 20.00 oere wurdt dêr yn de Keunstwike fan Achtkarspelen in program oanbean. Twa djipteynterviews mei skriuwers Hein Jaap Hilarides en Willem Abma. Der binne ek foardrachten troch de skriuwers en it publyk kin fragen stelle.

De bedoeling is dat besikers nijsgjirrige achtergrûnynformaasje oer Fryske skriuwers en Fryske boeken krije. Mear ynfo 

Op freed 24 maaie 2019 sil dichter, essayist, oersette en klassikus dr. Piet Gerbrandy in lêzing “De wyn fan Fryslân” fersoargje. Fierder sille nei it skoft de Obe Postma Stichting-leden Willem van Dijk, Klaas van der Hoek, Johannes Kramer, Teake Oppewal en Pieter Tuinman bydragen oer gedichten fan Obe Postma leverje.