Jelle Brouwer in heit út tûzen
twa lêzings yn Tresoar

Op freed 25 jannewaris om 15.30 komme Hindrik Brouwer en Goffe Jensma te sprekken yn de Gysbert Japicseal yn Tresoar.  Twa útienrinnende lêzings oer: Brouwer as heit en famyljeminsk èn Brouwer as wittenskipper en bewegingsman en de betsjutting fan Brouwer foar de Fryske kultuer en wittenskip.

Prof. Dr Jelle Brouwer (1900-1981) hat ien fan de sintrale figueren yn de 20ste iuwske Fryske Beweging west. Begûn as dichter en as meiwurker oan de Buma Biblioteek, wurke er himsels troch stúdzje omheech. Sa waard er mei-oprjochter fan de Fryske akademy, de earste heechlearaar Frysk yn Nederlân (yn Grins), ynfloedryk direkteur fan de Fryske Akademy as organisator en oanpoener.

Besjoch hjir de flyer.