Op freed 6 septimber jout Doeke Sijens in lêzing oer it byldzjend wurk fan skriuwer en keunstskilder Reinder van der Leest.

Reinder R. van der Leest (Drachten, 1933) krige yn 1981 de Gysbert Japicxpriis en yn 1983 de Simke Kloostermanpriis. Yn 1994 studearre er ôf oan de keunstakademy AKI yn Enschede. Van der Leest syn skildersoeuvre beslacht mear as 25 jier. Doeke Sijens (Hantum 1955) publisearret oer literatuer en keunst. Syn lêste boek giet oer de skilder Jaap Min (2019). Yn dizze lêzing beljochtet er Reinder R. van der Leest syn byldzjend wurk. De lêzing is ûnderdiel fan de tentoanstelling 'Reizen om utens' oer Reinder van der Leest, dy't fan 30 augustus o/m 27 oktober te sjen is yn de eksposysjeromte fan Tresoar.

6 septimber 2019
Gysbert Japicxseal, Tresoar
Bûterhoeke 1, Ljouwert
Ynrin fanôf 15.30 oere
Oanfang: 16.00 oere
Tagong: fergees