Giet net troch y.f.m. it coronafirus.

Filmjûn oer it wurk fan JanMurk de Vries

Op sneon 21 maart is Obe it dekor foar in filmjûn oer JanMurk de Vries. De jûn is ûnderdiel fan de programmearing by de tentoanstelling 'Uneinige beweging', oer de keunstner.

De jûn start mei in yntroduksje oer JanMurk de Vries troch Yvonne Willems fan ûntwerpburo Lokaalwerk, dy’t de tentoanstelling foarmjûn hat. Oanslutend folget de filmfertoaning fan de film dy’t Lodewijk Luijt makke hat oer JanMurk de Vries en syn wurk.
Daliks dêrnei wurdt der in kollaazje sjen litten mei nijsgjirrich byldmateriaal op tematyske basis, gearstald troch Lokaalwerk.
Selliste Wytske Holtrop, dy’t spilet by it Berlynsk orkest, sil by dy kollaazje muzyk meitsje. As de bylden dien binne, giet de muzykútfiering oer yn in sello-konsert. Wol graach oanmelde.

Knipsel Wytske holtrop

Ynrin: 19.30 (mei kofje en tee)
Start: 20.00
Eintiid: 21.15
Lokaasje: Obe