Ljouwert, 26 augustus 2021 - Schrijversvakschool Groningen set yn gearwurking mei Ljouwert UNESCO City of Literature en Tresoar útein mei in skriuwkursus foar begjinnende en in lesblok redigearjen foar betûfte auteurs dy't it Frysk as skriuwtaal brûke. De trije organisaasjes dogge dat ûnder de namme Skriuwersfakskoalle. Op sneon 4 septimber is der in fergees tagonklike yntroduksjeles yn dbieb yn Ljouwert. Oanmelde kin fia This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it..
