Dichter op de Deel, in middei fol poëzij & muzyk

Op snein 10 septimber is der yn Eksmoarre om 14.00 oere in program mei dichters en muzikanten ûnder de bynten fan in Fryske stjelppleats.

Mei: Tonnus Oosterhof, Tjitske Jansen, Rodaan Al Galidi, Aggie van der Meer, Tsead Bruinja, Charlotte van den Broeck, Arjan Hut, Obe Alkema en Dien L. de Boer. Mei oersettings Nederlânsk-Frysk en oarsom. De muzyk komt fan Remolino en der is byldzjende keunst fan Yvonne Willems.

 

Ferbylding yn tsjinspoed

Boekepresintaasje

Op woansdei 21 desimber presintearret de nije útjouwerij Grotesk yn Tresoar syn trije earste titels.

Op sneontemiddei 10 juny 2017 hâldt literêr tydskrift ensafh in literêre rûnlieding troch Feanwâlden en omkriten. Wy starte om 14.00 oere , op ’e fyts, by it stasjon. De gids is Jelma Knol, ynwenner fan Feanwâlden en redakteur fan ensafh. De tocht duorret sa’n oardel oere.