Skriuwe yn it Frysk: de ien publisearret al jierren, de oar siket noch om de goeie wurden. Beiden binne wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op 8 maart 2022 set in nije searje lessen útein, op 9 febrewaris 2022 is der in yntroduksjeles.

Skriuwe yn it Frysk: de ien publisearret al jierren, de oar siket noch om de goeie wurden. Beiden binne wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op 8 maart 2022 set in nije searje lessen útein, op 9 febrewaris 2022 is der in yntroduksjeles.

Saterdei 27 novimber, De Koperen Tuin te Ljouwert, 14.30 - 17.00 oere.

De Fedde Schurerlêzing is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en wurdt jierliks organisearre op in saterdeimiddei yn novimber. De lêzing is yn gearwurking mei Tresoar, It HCL en de Leeuwarder Courant. Fan takommend jier ôf ek yn gearwurking mei de Fryske Akademy.

Op freed 5 novimber is der mei Explore the North en dichterskollektyf RIXT in literêr en muzikaal program yn de Westerkas as ûnderdiel fan de festivalperioade fan Explore the North yn de Westertsjerke te Ljouwert. De jûn set útein mei in pear oades oan Eeltsje Hettinga fan keunstners dy't in soad mei him gearwurkje. De dichters fan RIXT fersoargje in optreden en spesjaal sille in oantal dichters yn gearwurking mei de 'Verhalenavond' it ferhaal oer har gedichten fertelle. Op de jûn wurdt ek de twatalige blomlêzing Oar hûs / Et andet hus mei Deenske en Fryske gedichten presintearre. It program wurdt ôfsletten mei muzyk.
 
Ynrin 19.30 oere, begjin 20.00 oere.
 
Dit evenemint is allinne tagonklik op fertoan fan in coronatagongsbewiis.
 
Wolsto wis wêze fan in plakje? Ferjit dan net dy yn 't foar oan te melden.

Skriuwster Marga Claus jout geregeld in kursus oer it skriuwen fan in libbensferhaal. Op 12 jannewaris 2022 set sy útein mei in nij blok. Dy kursus wurdt net troch Tresoar organisearre, mar is wol yn it gebou fan Tresoar. Sjoch foar mear ynformaasje: www.margaclaus.nl.

It is in moaie en sinfolle bezichheid om yn in lytse groep minsken dwaande te wêzen mei it eigen libbensferhaal. Mei bepaalde oefeningen aktivearje wy oantinkens út de jonge jierren. It blykt dat skriuwe yn in groep in soad opsmyt. De kursisten bringe elkoar op ideeën, en sadwaande slagget it hieltyd better om hichte- of djiptepunten út it ferline op papier te krijen. Dat is moai foar it neigeslacht, mar seker ek foar de haadpersoan fan it ferhaal. De skriuwsels liede wer ta weardefolle petearen.