Op 10 septimber oansteande is it 60 jier lyn dat de stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) oprjochte waard. Yn 2002 is it FLMD opgien yn Tresoar, mar it beheart noch altyd in pear fûnsen om projekten te stypjen dy’t bliuwende wearde hawwe foar de Fryske literatuer, lykas oarspronklik Frysktalich wurk, de Skriuwersarke en in tal prizen.

It bestjoer fan de stifting FLMD nûget jo fan herten út om it 60-jierrich jubileum feestlik mei harren te fieren op:

sneontemiddei 14 septimber
fan 15.00 oant 18.30 oere yn Tresoar

Programma
15.00 oere - ynrin mei kofje en tee              
15.30 oere - wolkom troch foarsitter Willem Verf
15.35 oere - FLMD oant en mei 2002, troch Tineke Steenmeijer–Wielenga
15.50 oere - gedichten en sang Elise Westerhof
16.05 oere - oanbieding Frysk literêr presintsje oan in tal 60-jierrigen
16.15 oere - Frysktalige poetry slam, in priuwke
16.45 oere - Fryske literatuer binnen Tresoar troch Bert Looper
17.00 oere - neisit mei in hapke en in drankje

Graach wolle wy witte op hoefolle minsken wy rekkenje kinne. Wolle jo dit foar 7 septimber fia de mail trochjaan oan Lysbert Bonnema? (mailadres:
This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.).