Tresoar nûget jo út foar de presintaasje fan Lêsber Fryslân/ Leesbaar Friesland op snein 10 novimber, fan 14:30 oere ôf.

De kleurrike literêr-geografyske kaart fan de provinsje Fryslân en de stêd Ljouwert dêr't hûnderten Fryske, Nederlânske en ynternasjonale skriuwers har spoaren op achterlitten ha is klear! Graach wolle wy it momint fan ûntbleating mei jo fiere.

Jo kinne jo oanmelde by This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it. foar 3 novimber.

Programma
14.30 Ynrin Tresoar
15.00 Start programma mei Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, trûbadoer Jaap Louwes, literatuerwittenskipper en Leesbaarredakteur Louis Stiller
ca 15.45 hilaryske Lêsber Fryslân-kwis
16.00 Buorrel en kaartferkeap