Giet net troch y.f.m. it coronafirus.

Lêsber Fryslân on tour: tongersdei 26 maart yn de biblioteek yn Drachten

Jelle Krol is spesjalist Fryske literatuer by Tresoar en fertelt dêr dizze jûn oer yn relaasje ta Drachten. Hy komt sels ek fan Drachten en wit in soad oer de rike literêre histoarje. Skriuwers as Douwe Kootstra, Freark Dam, Paulus Akkerman, Rink van der Velde en Tiny Mulder, mar ek muzikant Gurbe Douwstra hawwe allegearre bining mei Drachten.

Ek sil Krol fertelle oer de literêr-geografyske kaart Lêsber Fryslân, dy’t ein ferline jier by Tresoar presintearre is. Ut de fierte wei liket it in ‘gewoane’ kaart fan Fryslân, mei stêden en marren, mar de kleurrike kaart is hielendal opboud út sitaten dy’t in relaasje hawwe mei in geografysk plak, lykas it sitaat ‘Ik moat sizze, it is my tafallen yn dat Drachten’ út Feroaring fan lucht fan Rink van der Velde (1971) of resinter ‘It Brune Jaske, de alternatieve discotheek in Drachten met veel jonge mensen in zwarte kleren’ út Dammen met ome Hajo (1999) fan Meindert Talma. Op de jûn is de kaart Lêsber Fryslân te keap. 

De Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, fersoarget in sfearfol optreden. By syn proazagedichten makket er sels ek muzyk. Sa nimt er syn publyk mei yn syn wrâld fol observaasjes, faak mei in ferrassend ein.

Plak: Bibliotheek Drachten, Museumplein 1, Drachten.

Tiid: 19.30- 21.15 oere
Ynskriuwe.
Yntree € 2,50 (ynkl. konsumpsje)